Hørsholm (gemeente)

Hørsholm is in gemeente (Hørsholm kommune), op it Deenske eilân Sjælland yn de regio Haadstêd

Hørsholm
Polityk
Lân Denemarken
Regio Haadstêd
Gemeenten Hørsholm, Fredensborg en Rudersdal
Boargemaster Morten Slotved
Sifers
Ynwennertal 46.229 (2014)
Oerflak 31,28 km²
Befolkingsticht. 789 / km²
Hichte 32 m
Oar
Stifting 1739
Postkoade 2970
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+1
Offisjele webside
Webside fan stêd en gemeente
Tsjerke fan Hørsholm
Paleis Hirschholm
It eardere gemeentehûs fan Hørsholm (1918); yndertiid ek postkantoar en fergaderplak fan de tsjerkerie

Skiednis bewurkje seksje

Yn Hørsholm stie it Paleis Hirschholm, it simmerferbliuw fan kening Kristiaan VII en syn hofhâlding yn 1771, doe't syn frou keninginne Caroline Matilda befoel fan har dochter by liifdokter Johann Friedrich Struensee, prinsesse Louise Augusta. It kastiel, wol it "Versailles fan it Noarden" neamd, waar nei dat jier net mear ûnderholden en letter ôfbrutsen fanwege Frederik VI, soan fan de kening, om as boumateriaal te tsjinjen foar Paleis Christiansborg, dat yn 1794 ôfbaarnd wie.

De tsjerke fan Hørsholm is út 1832 en in ûntwerp fan Christian Frederik Hansen; it stiet op it plak fan it eardere kastiel.

It pleatslike museum, Hørsholm Egns Museum, hat een permaninte útstalling oer it paleis en syn skiednis.

Ferneamde ynwenners bewurkje seksje

Karen Blixen en Johannes Ewald hawwe yn de gemeente wenne en ek de Deenske tycoon Simon Spies dy't jierliks 50 oant 60 m. Deenske Kroanen oan gemeentebelestingen deltelde, sa'n 31 oant 37 m euros (2013).

Polityk bewurkje seksje

Boargemasters bewurkje seksje

Foar de gemeentlike weryndieling:

Perioade Namme Partij
1970–1974 Sven Jørgensen K
1974–1975 Lulla Lucas K
1975–1985 Ove Bernhard Sundberg K
1988–2000 Hanne Falkensteen K
2001–2005 Uffe Thorndahl K

Nei de gemeentlike weryndieling:

Namme Partij Perioade
Uffe Thorndahl Unôfhinklik 1. jan. 2006 - 31 desimber 2009
Morten Slotved Konservatyf 1 jannewaris 2010 -

Keppelings om utens bewurkje seksje