H.H. Elisabet en Laurentiuskatedraal

De H.H. Elisabet en Laurentiuskatedraal is in tsjerke yn Rotterdam en sûnt 1967 de biskopstsjerke fan it bisdom Rotterdam.

H.H. Elisabet en Laurentiuskatedraal
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
adres Mathenesserlaan 307
koördinaten 51° 54' N 4° 27' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Rotterdam
patroanhillige Elisabeth fan Thüringen
Laurentius fan Rome
Arsjitektuer
arsjitekt P.G. Buskens
boujier 1906-1908; 1920-1922
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
Kaart
H.H. Elisabet en Laurentiuskatedraal (Rotterdam)
H.H. Elisabet en Laurentiuskatedraal

Skiednis bewurkje seksje

De bou fan 'e tsjerke fûn plak yn twa perioades: tusken 1906 en 1908 waarden it koer, it dwersskip en it skip fan 'e tsjerke boud, folge troch de bou fan it westlike diel en de tuorren tusken 1920 en 1922.

 
Haadalter

Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke by in Britsk bombardemint op 3 oktober 1941 de yngong, it dak en de koepel fan 'e tsjerke slim skansearre. By in loftoanfal op it gebou fan 'e Sicherheitsdienst oan 'e Heemraadssingel op 29 novimber 1944 waard in sydskip slim rekke. Nei de befrijing waard de skea wer ferholpen.

Ynearsten waard de tsjerke wijd oan Elisabeth fan Thüringen en ornearre as parochytsjerke. Doe't Rotterdam yn 1955 in fan bisdom Haarlim ôfsplitst bisdom waard krige de Sint-Ignatiustsjerke oan 'e Westzeedijk de status fan katedraal, dy't yn it ramt dêrfan ferneamd waard nei de patroanhillige fan Rotterdam Sint-Laurentius. Ek de midsiuwske, oarspronklik as roomske en sûnt de reformaasje protestanske, Laurentsjerke ferwiisd nei dy hillige.

Yn 1967 waard de Sint-Elisabettsjerke de katedraal fan it bisdom Rotterdam en krige it gebou ek de hjoeddeiske namme. It ynterieur waard modernisearre, wêrby't guon eleminten yn it wyt oerkalke waarden. De restauraasje fan 2010-2011 brocht it ynterieur safolle mooglik werom nei de oarspronklike steat. Dy restauraasje koste likernôch 7 miljoen euro.

Oargel bewurkje seksje

It oargel waard yn 1927 boud troch de firma Elbertse út Soest. It front is in ûntwerp fan arsjitekt Buskens. Nei de oarloch moast it ynstrumint fanwegen de skea troch de bombardeminten restaurearre wurde. De firma Adema-Schreus restaurearre en fergrutte it oargel yn de jierren 1997-1998.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:HH. Laurentius- en Elisabethkathedraal