In haadrivier of haadstream is it part fan in rivier dêr't alle sydrivieren útmûnje yn in oseaan, see of mar. In ôfspjalting is ek ferbûn mei de haadrivier, mar fiert wetter ôf fan de haadrivier ta tsjinstelling fan in sydrivier dy't wetter oanfiert. Yn de ûnderrin foarmet de haadrivier mei syn ôftakkings in rivierdelta. It gânse streamgebiet fan de rivier, tegearre mei syn sydrivieren en ôfspjaltings hjit it bekken.

De rivier de Missisippi is de haadrivier yn it Mississippibekken
Klassifikaasje fan Strahler

Nijsgjirrich bewurkje seksje

Der is in hydrologyske klassifikaasjesysteem dat nûmers jout oan streamgebieten en haadrivieren mei bekkens. It Strahler nûmer-systeem, dat in oanpassing is fan in klassifikaasjesysteem, dat troch Robert E. Horton yn 1945 ûntwikkele waard. Neffens it systeem fan Horton wurde haadrivieren sûnder sydrivieren oantsjutten as "earste klasse"-streamen. At twa "earste klasse"-streamen inoar moetsje wurde hja in "twadde klasse"-stream. At twa twadde klasse-streamen byinoar komme, wurdt der sprutsen fan in "tredde klasse"-stream, ensafuorthinne. Yn it systeem fan Horton waard de gânse haadrivier oantsjut mei it heechste nûmer yn de bekken. Yn it Strahler-systeem fan 1957 waard lykwols it part fan de haadrivier fan de mûnings fan de sydrivier del mei it heechste nûmer oantsjut.

Yn de Feriene Steaten, krijt de rivier de Mississippi de nûmer tsien neffens it Strahler-systeem. Acht rivieren, de Kolumbia ynbegrepen, hawwe in njoggen. Streamen sûnder sydrivieren, dy't nûmer ien neffens Strahler hawwe, komme it meast foar.

De rivier de Amazône hat it nûmer tolve, de heechste yn de wrâld.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.