Halsnæs (gemeente)

Halsnæs (oant 01.01.2008: Frederiksværk-Hundested) is in gemeente yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente waard by de weryndieling fan 2007 foarme en ûntstie troch gearfoeging fan:

  • de eardere gemeente Frederiksværk
  • de eardere gemeente Hundested
Halsnæs
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Haadstêd
boargemaster Steffen Jensen (sûnt 2018)
sifers en geografy
haadplak Frederiksværk
grutste plak Frederiksværk
ynwennertal 31.168 (2018)
oerflak 121,91 km²
skiednis
oprjochte 2007
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.halsnaes.dk

Yn in referindum mochten yn maaie 2007 de ynwenners kieze oer de namme fan de gemeente. De winnende namme waard Halsnæs, dy't op 1 jannewaris 2008 offisjeel ynfierd waard.

Yn de gemeente wenje likernôch 31.000 ynwenners.

Plakken bewurkje seksje

Grutste plakken yn de gemeente
Nr Plaknamme Ynwenners (2014)
1 Frederiksværk 12.029
2 Hundested 8.579
3 Liseleje 2.556
4 Ølsted 1.905
5 Vinderød 1.045
6 Melby 803
7 Evetofte 355
8 Torup 316
9 Ølsted Sydstrand 275
10 Ølsted Strandhuse 228

Trivia bewurkje seksje

Nei't de gemeente Brønderslev-Dronninglund de namme feroare yn Brønderslev hie de gemeente Frederiksværk-Hundested mei 31 karakters de langste gemeentenamme fan Denemark.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: