It Hamburger Hallig (Noard-Frysk: Hamborjer Håli) is ien fan de Halligen yn Dútslân. De Halligen wurde rekkene ta de Noard-Fryske Eilannen. It Hamburger Hallig wie in eilân, oarspronklik in part fan it eardere eilân Strân, mar is sûnt 1860 troch in daam mei de fêste wal ferbûn. Oan dy daam sitte wer kwelders Fêst, dat yn stee fan in eilân kin der tsjintwurdich earder sprutsen wurde fan in skiereilân.

Loftfoto fan it Hamburger Hallig mei de terpen.

Bestjoerlik sjoen is it eilân in ûnderdiel fan de gemeente Reussenköge, oant 1899 hat it in gemeentefrij goeddistrikt west. Oan de westkante fan it Hamburger Hallig leit in dyk dy't it lân tsjin fierdere ôfslach beskermje moat.

Terpen bewurkje seksje

 
de Hauptwarf mei bebouwing

Der binne twa terpen op it eilân, plus ien oan de daam nei de fêste wâl:

  • Hauptwarft: Op dizze terp stiet in restaurant, it Hallig Krog, en in gebou fan it Nasjonaal Park dat allinnich yn de simmer bewenne is. De Hauptwarft leit oan de noardkante fan it eilân.
  • Kuhberg: Dizze terp wurdt brûkt troch skiep. De terp is in net ôfûntwikkele terp en leit likernôch 300 meter súdliker as de Hauptwarft.
  • Schafsberg: De Schafsberg leit healwei de daam, twa kilometer eastlik fan de Hauptwarft, krekt wat besuden de daam. Op dizze terp stiet in ynformaasjesintrum fan de NABU, it gebou is sa no en dan bewenne troch frijwilligers fan de NABU. Dizze terp foarmet gjin ûnderdiel fan de hallig; it is earder in terp foar de fêstewal fan de Sönke-Nissen-Koog.
 
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise