Hannelingen fan Timóteüs

De Hannelingen fan Timóteüs is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel, dy't benammen in beskriuwing jout fan 'e apostel Timóteüs yn dy syn hoedanichheid fan 'e earste biskop fan 'e stêd Efeze, oan 'e westkust fan Lyts-Aazje. It is in oarspronklik yn it Gryksk steld geskrift, dat nei gedachten út 'e fyfde iuw datearret. Lange tiid wie de Hannelingen fan Timóteüs inkeld bekend fan in Latynske oersetting út 1643. Mar yn 1847 waard der in manuskript út 'e alfde of tolfde iuw ûntdutsen dat in ferzje wie fan it Gryksktalige orizjineel, en dat yn 1877 publisearre waard. De Latynske oersetting skriuwt it wurk ta oan Polykrates fan Efeze130-196), mar yn it Grykske orizjineel ûntbrekt dy fermelding, wat der wierskynlik op wiist dat dy taskriuwing in lettere tafoeging is.

Hannelingen fan Timóteüs
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 5e iuw

Ynhâld bewurkje seksje

De Hannelingen fan Timóteüs ferhelje hoe't Paulus syn assistint Timóteüs ûnder it regear fan 'e Romeinske keizer Nearo ta biskop wijd hie doe't se beide tagelyk Efeze oandiene. Ek behannelet it de marteldersdea dy't Timóteüs letter stoar ûnder in religieus heidensk feest, wêrby't maskere manlju yn groepen de stêd trochteagen en in elk dy't op har paad kaam mei kneppels yninoar sloegen en yn guon gefallen sels fermoarden. (Dat yn 'e tekst nammeleaze feest is troch histoarisy identifisearre as de katagogia, wat rûchwei oerset wurde kin mei "it delheljen", in feest dat assosjearre wurdt mei de kultus fan Dionysus, de god fan 'e wyn en de ekstaze.) Neffens de Hannelingen besocht Timóteüs in ein te meitsjen oan it geweld, mar waard er ynstee sels deaslein. De Hannelingen fan Timóteüs befetsje trouwens suver likefolle materiaal oer Timóteüs as oer de evangelist Jehannes, dy't ek jierrenlang yn Efeze ferbleau.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus