Hannelsposten fan de VOC yn it Midden-Easten

Yn de 17e iuw en 18e iuw wienen der ferskate hannelsposten fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy (VOC) yn it Midden-Easten. Neist de Portugezen wie de VOC de iennige westerske macht dy't yn dit gebiet hannele. Der waard fral hannele yn pearels, roaze-oalje, side, wol, Arabyske gom en wijreek. Doe't de lêste festing (Kharg) yn 1766 troch it Perzyske leger ferôvere waard, ferlieten de Nederlanners dy kontreien foar altyd.

Hannelposten fan de VOC yn it Heine-Easten

Stêden dêr't de VOC siet bewurkje seksje

Jemen bewurkje seksje

 
Gesicht op Mokka yn 1692

Dizze faktorijen stienen ûnder Suratte yn Yndia

  • Mokka - Yn 1621 waard dêr in hannelspost iepene. De hannel waard lykwols behindere troch politike ferhâldingen, earst wie de VOC ôfhinklik fan Turkske machthawwers, letter fan Arabyske Jemeniten. It slagge de VOC mar min, ek net troch geweld, om har hannelsposysje te ferbetterjen. Doe't begjin 18e iuw de fraach nei Mokka-kofje tanaam gong it better en krige de post yn 1707 selsbestjoer ûnder Batavia (yn 't plak fan Suratte). Yn 1739 waard de post opheft, mar de hannel bleau wol. De kofje waard ruile foar kwat (in ferdôvjend middel), speserijen en porselinen kofjekopjes.
  • Aden - Hie tusken 1614 en 1620 in Nederlânske hannelspost dêr't speserijen ferkocht wurde soenen tsjin kontant jild, wat nedich wie om goed yn Suratte te keapjen. Troch oarloggen tusken de Turken en Jemeniten woe de hannel net flotsje en wie it dêr hurd dien.
  • Al-Shihr - Yn 1616 waard dêr besocht om in post te iepenjen. Doe't der rillegau skeel ûntstie tusken it pleatslik bestjoer en VOC-fertsjintwurdiger, waard besletten hjir te stopjen.

Iran/Perzje bewurkje seksje

 
It sintrale plein Meidan Emam yn Isfahan tekene troch G. Hofsted fan Essen yn 1703
 
Fort Mosselstein op Kharg. Foto 1891
 
Gesicht op Gamron, 1704

De Safavidyske sjah Abbas I de Grote liet ferskate Europeeske lannen Yn Iran ta om de handel te befoarderjen. De VOC iepene har haadfestiging yn de nije haadstêd Isfahan yn 1623.

  • Band-e Kong - Sûnt 1653 kaam der alle jierren in stêflid út Gamron om pearels yn te keapjen. Yn 1690 tocht de VOC deroer om dêr in faktorij te festigjen, mar de tsjinwurking fan Portegezen wie sa grut - benaud foar konkurrinsje dat se wienen - dat de VOC de festing yn itselde jier noch ferlitte moast.
  • Gamron (Bandar Abbas) - Earste festiging yn 1623. Haadkomptoir nei 1638.
  • Isfahan - Haadkomptoir fan 1623 oant 1638. Isfahan wie doe de haadstêd fan Perzje en sadwaande de wichtichste post fan de VOC yn dat lân.
  • Kirman- In plak dat bekend wie om de hannel yn wol. De VOC kocht dêr sûnt 1658 geitehier yn fia Armeenjers út Gamron dy't yn har tsjinst wienen. Der waard in faktorij festige om 1690 hinne. Dy faktorij waard opheft yn 1725, mar fannijs dochs wer iepene yn 1732 om foar altyd ferlitten te wurden yn 1740. Dêrnei soe de VOC allinne noch út Gamron wei geitehier keapje.
  • Kareek (of Kharg) - op dat eilân wie Fort Mosselstein. Doe't de hannel fan de VOC yn Perzje oeral yn de nederklits rekke, woene de Hearen XVII it gebiet yn 1750 oerjaan. Gûverneur-generaal Jacob Mossel woe it lykwols op Kareek noch wol besykje, dat dêr waard yn 1753 in festiging mei fort boud. Dêr waard Javaanske sûker en Yndiaask tekstyl ferkocht. Rillegau waard dúdlik dat de hannelspost net út koe, en waard se op 1 jannewaris 1766 sletten. It Perzyske leger oerfoel it fort en plondere it..
  • Lar - De post yn Lar waard stifte yn 1631 en wie allinne bedoeld as oase-plak foar hannelers ûnderweis fan Isfahan nei Gamron. Wannear't de VOC dêr wei gien is, is ûndúdlik.
  • Kismus - Al yn 1645 besocht de VOC it fort fan dy stêd te feroverjen. De stêd wie nammentlik fan belang foar de oanfier fan nôt nei de stêd Gamron. Sa soe de kompanjy de stêd yn feilichheid bringe en betingsten foar de hannel ôftwinge kinne. Yn 1684 slagge it wol om it fort te besetten. Hoe lang at de VOC dêr sitten hat is net bekend.
  • Shiraz - Yn Sjiraz hie de VOC oant 1730 in wynhûs dêr't wyn makke waard. Dit hûs wie har yn de 17e iuw skonken. Teffens wiene der yn de stêd tuskenhannelers foar de VOC.

Irak bewurkje seksje

  • Basra – Hjir hierde de VOC in faktorij yn 1645 en 1646. Yn 1651 kaam de VOC dêr werom. Yn de perioade 1723 oant 1752 hat der tydlings in VOC-factorij west. Dy waard opheft yn 1753 fanwege swierrichheden mei it lokale bestjoer.

Oman bewurkje seksje

  • Maskat, behearske feitlik de tagong ta de Perzyske Golf. De stêd hie in muorre en trije forten. De Portugezen – dy’t dêr al in hannelspost hienen, waarden yn 1650 troch de Arabieren ferdreaun. De VOC fûn it te riskant om de stêd oan te fallen, wol stieken VOC-skippen dêr geregeldwei oan om te hanneljen of dêr feilich te ankerjen. Nei 1660 feroveren de Nederlanners ferskate Portegeeske festingen oan de kust fan Yndia. Sadwaande krige de VOC mear oerwicht op de farrûte fan Perzje nei Yndia. Mei Masqat wienen al hannelskontakten út 1651 en 1666. De imam fan Masqat nûge de VOC sels út om in hannelskantoar yn de stêd te iepenjen. It duorre lykwols oant 1672 ear’t it kantoar iepene waard. De hannel foel wol ôf, oare hannelers ferhannelen nammentlik itselde goed as de VOC. Trije jier letter wie it al wer dien mei dizze hannelspost.

Pakistan bewurkje seksje

  • Sindi of Tatta – Lei oan de mûning fan de Indus en wie in komptoir dêr’t allerhande stoffen ynkocht waarden. Dêr waard hannele tusken 1632 en 1757, tusken 1660-1662 wie er ek in faktoarij.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Keppelings om utens