Hanno de Seefarder

Hanno de Seefarder (ek wol Hanno II fan Kartago) wie in Kartaachsk rjochter en ûntdekkingsreizger ± 500 f.Kr., dy't it meast bekend is fan syn ekspedysje nei de westkust fan Afrika. Hy fear oant yn de Golf fan Guinee, dêr binne measte saakkundigen it oer iens, alhoewol't der in protte fragen oer de ekspedysje net beantwurde binne.

Reis fan Hanno.

De ekspedysje bewurkje seksje

Kartago stjoerde Hanno oan it haad fan in float fan 60 skippen op paad mei it doel om de kusten fan noardwest Afrika te ferkennen en dêr koloanjes te stiftsjen [1]. Hy sylde troch de Strjitte fan Gibraltar ('De Pylders fan Herkules') en stifte (faaks fannijs) sân koloanjes op de kust fan wat no Marokko is. Dêrnei fear er nei it suden, de Atlantyske kust fan it kontinint bylâns. Hy besiket Mogador, dêr't de Foenysjers in kleurstoffefabryk oprjochten; sy brûkten dêrfoar in seeslak dy't sy yn de pleatslike wetters fan de Atlantyske Oseaan fûnen.[2] Hanno moete ferskate lânseigen folken op syn reis dy't him op tige ferskillende wizen ûnthellen.

Teffens beskriuwt er in rivier dêr't er fan tocht dat it de Nyl wêze moast, omdat er nylhoarsen seach. Grif gie it om de rivier Sénégal. Hy reizge fierder en seach in 'baarnende berch'. Dat hat fermoedlik de fulkaan Mount Cameroon west.

Oan de ein fan syn tocht, ûntduts Hanno in eilân dat tichtbewenne wie mei, sa't er it omskreau, in tige rûchbehierre en wyld folk. Har besykjen om in pear manlju te fangen mislearre, mar wol krigen se trije froulju te pakken. Dy wiene likernôch sa wyld en oeremis dat se deamakke waarden. Harren hûd waard bewarre om mei te nimmen nei hûs. De oersetters fan it reisferslach neamden har gorillae, dat doe't Europeeske ûntdekkingsreizgers yn de 19e iuw foar it earst gorillas tsjinkamen, krigen dy apen har namme omdat oannaam waard dat dit de 'minsken' wiene dy't Hanno beskreaun hie (sjoch ek: Paul du Chaillu).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. B.H. Warmington, Carthage, Penguin Books, Harmondsworth, s. 74 - 76
  2. C.Michael Hogan, Mogador, The Megalithic Portal, ed. A. Burnham, Nov. 2, 2007