Hans Christian Branner

Hans Christian Branner, ek wol bekend as H.C. Branner (Ordrup, 23 juny 1903Kopenhagen, 24 april 1966), wie in Deensk skriuwer, toanielskriuwer, essayist, harkspulskriuwer en oersetter. Doe't syn dream en wurdt akteur op neat útrûn, lei er him ta op in karriêre as skriuwer. Dêrmei hied er grut súkses yn syn heitelân Denemark.

Hans Christian Branner
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans Christian Branner
nasjonaliteit Deensk
berne 23 juny 1903
berteplak Ordrup (Denemark)
stoarn 24 april 1966
stjerplak Kopenhagen (Denemark)
etnisiteit Deensk
wurk
taal Deensk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
toaniel, harkspullen, essay's
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Om Lidt Er Vi Borte
Drømmen om en Kvinde
Søskende
jierren aktyf 19361963
offisjele webside
n.f.t.

Libben bewurkje seksje

Hans Christian Branner waard yn 1903 berne yn it Deenske plattelânsdoarpke Ordrup. Hy ferlear al ier syn heit. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre er koarte tiid en wurke dêrnei yn 'e jierren 1923 oant 1931 as magazynmeiwurker by in útjouwerij. Hy besocht ferskate kearen om 'e nocht in karriêre as akteur te begjinnen. Uteinlik sette er yn 1932 útein mei skriuwen. Syn debút wie de roman Legetøj ("Boartersguod"), út 1936. Oars as mei syn aktearkarriêre woe it mei syn skriuwen wol; hy waard al hiel gau populêr ûnder it Deenske lêzerspublyk.

Branner syn oeuvre omfiemet romans, novellen en koarte ferhalen mei in yngewikkelde psychologyske struktuer, wêrby't er him sterk troch Ingelske skriuwster Virginia Woolf beynfloede toand. Kwa opbou betsjinne er him gauris fan 'e saneamde stream of conciousness-technyk, dy't besiket de opienfolging fan gedachten (dy't soms neat mei-inoar te meitsjen hawwen) nei te bearen dy't troch it minsklik ferstân geane. Dêrmei woed er de isolaasje fan 'e minske ta tema fan syn wurk meitsje. As motiven brûkte er fierders gauris ûnderskate eangstmen en it alâlde konflikt tusken macht en gewisse.

Njonken sokke drege literatuer skreau er ek humoristysk-iroanyske toanielstikken en teltsjes, dy't krekt hiel ienfâldich fan opbou wiene. Dêrby liket er de grutte Noarske toanielskriuwer Henrik Ibsen ta foarbyld nommen te hawwen. Yn syn essay's en harkspullen brocht Branner fierders tige humanistyske ideälen op 't aljemint. Mei syn harkspul Illusion hied er ien fan 'e grutste súksessen ea út dat sjenre. Njonken syn wurk as skriuwer sette Branner ek Britske en Amerikaanske romans út it Ingelsk oer yn it Deensk.

Yn 1960 waard er opnommen yn 'e Deenske Akademy, in prestizjeuze ûnderskieding yn 'e Deenske literatuer. Dêrnjonken krige er withoefolle literatuerprizen. Hy ferstoar yn 1966 yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen, doe't er noch mar 63 jier wie. Hy leit begroeven op it Hørsholm Kirkegård.

Wurk (in kar) bewurkje seksje

  • 1936 - Legetøj ("Boartersguod")
  • 1937 - Barnet Leger ved Stranden ("It Bern Boartet op it Strân")
  • 1939 - Om Lidt Er Vi Borte ("Ta Lijen Binne Wy Berne"; ferhalebondel)
  • 1941 - Drømmen om en Kvinde ("De Dream oer in Frou")
  • 1942 - Historien om Børge ("It Ferhaal fan Børge")
  • 1944 - To Minutters Stilhed ("Twa Minuten Stilte"; ferhalebondel)
  • 1947 - Angst ("Eangstme"; ferhalebondel)
  • 1949 - Rytteren ("De Ruter")
  • 1952 - Søskende (toanielstik)
  • 1955 - Ingen Kender Natten" ("Nimmen Koe de Nacht")
  • 1956 - Vandring langs Floden ("Wanneling de Rivier Bylâns"; essay's)
  • 1958 - Thermopylæ ("Termopylee"; toanielstik)
  • 1963 - Ariel ("Ariël"; ferhalebondel)