Hans Jouta (Ferwert, 10 desimber 1966) is in Frysk byldhouwer.

'De wjirmdolster' yn Wierum
Stânbyld fan Johan Cruijff (2020)

Jouta groeide op oan de Waadkust dy't er as ynspiraasjeboarne foar syn wurken brûkt. Hy folge in oplieding oan Akademy Minerva yn Grins.

Hy besiket syn bylden emoasje mei te jaan. Dy bylden wurde neffens de metoade cire perdu getten fan brûns. Hy makke bylden fan Nynke fan Hichtum yn Nes en fan Hotze Schuil. Syn bylden binne meast fan metaal, meast brûns. Hy makket benammen bylden fan bisten.

Yn Dearsum stiet it byld De Aaisiker. Yn 2006 kaam Jouta yn it nijs doe't er rjochten jilde liet op it byld fan André Hazes op de Albert Cuypmerk yn Amsterdam. Hy makke ek de TMF-Awards.

Wurken in de iepenbiere romte (Fryslân) bewurkje seksje

Aldebiltsyl

Blije

  • Sint-Nicolaas (2006)

Burdaard

Ferwert

  • De Wardiaan (1995)
  • Monumint fan de tiid (2000)
  • Frouljusfiguer

Harns

Ljouwert

Mitselwier

Moddergat

  • Fiskersfrou (2008)

Nes

Wierum

  • Wjirmdolster (2006)

De Westereen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: