Harry Houdini (berne as Erik Weisz; letter Ehrich Weiss of Harry Weiss; Boedapest, 24 maart 1874Detroit, 31 oktober 1926) wie in Hongaarsk-Amerikaansk yllúzjonist en stuntman fan Joadsk komôf, dy't wrâldferneamd waard as boeienskening, fanwegen syn spektakulêre ûntsnappingstrúks. Hy toerde mei syn foarstelling troch Noard-Amearika, Jeropa en Austraalje, en makke dêr syn fortún mei. Dêrnjonken wied er ek aktyf as akteur, filmprodusint, publisist en ûntmaskerder fan sjarlatans en oplichters. Hy stoar frij jong, as gefolch fan in blinetermûntstekking dy't er te lang gewurde litten hie.

Harry Houdini
artyst en/of kabaretier
Harry Houdini yn 1899.
Harry Houdini yn 1899.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Erik Weisz (letter Ehrich Weiss)
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 maart 1874
berteplak Boedapest (Hongarije)
stoarn 31 oktober 1926
stjerplak Detroit (Michigan)
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
wurksum as stuntman, gûchelder, akteur
medium teäter, stomme film
jierren aktyf 18911926
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Houdini waard yn 1874 berne as Erik Weisz yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest, as ien fan 'e sân bern yn it gesin fan rabbyn Mayer Sámuel Weisz (1829-1892) en dy syn frou Cecília Steiner (1841-1913). It gesin emigrearre yn 1878, doe't Houdini fjouwer jier wie, nei de Feriene Steaten, dêr't syn heit de Hongaarske stavering fan 'e famyljenamme (Weisz) feroare yn Weiss (de Dútske stavering), wylst er de foarnamme fan syn soan feroare fan Erik yn Ehrich. Houdini syn ropnamme wie lykwols Harry. It gesin wenne earst yn Appleton, yn 'e steat Wiskonsin, mar ferfear yn 1887 nei New York. Houdini wie in tige sportyf bern, en makke mei njoggen jier syn debút as trapeze-artyst. Teffens wied er yn syn jonkheid in kampioen yn it fjildrinnen.

 
Harry Houdini mei syn mem en syn frou, om 1907 hinne.

Boeienskening bewurkje seksje

Yn 1891 sette Houdini útein mei in karriêre as gûchelder en naam er syn artystenamme oan, dy't er ôflate fan 'e namme fan 'e (doe) ferneamde Frânske gûchelder Jean Eugène Robert-Houdin, waans autobiografy oft er it jiers tefoaren lêzen hie. Yn it begjin hied er net folle súkses, mar dat feroare yn 1899, doe't er yn 'e kunde kaam mei syn lettere manager Martin Beck. Dy wie ûnder de yndruk fan in trúk wêrby't Houdini himsels fan hânboeiens befrijde, en bea him dêrom wurk oan yn it teätersirkwy dêr't er by belutsen wie. Hy rette Houdini oan om him tenei útslutend noch ta te lizzen op ûntsnappingstrúks, mei't dat syn sterkste punt liek te wêzen. Troch Beck syn bemuoienis gie Houdini ek op toernee yn Jeropa, en dêrby joech er yn Londen in wiidferneamde demonstraasje wêrby't er op it plysjehaadkertier Scotland Yard binnen de koartste kearen út 'e boeiens fan 'e Ingelske bobby's ûntsnapte en harren yn ferbjustering efterliet. Dat levere him sa'n populariteit op dat er in healjier lang eltse jûn optrede koe yn it Londenske Alhambra Theatre.

Neitiid reizge Houdini troch Ingelân, Skotlân, Nederlân, Dútslân, Frankryk en Ruslân. Oeral dage er de pleatslike plysje út om te besykjen en hâldt him finzen, en oeral wist er te ûntkommen. Yn Moskou ûntsnapte er út in transportwein nei Sibearje, wêrby't er úthold dat as him dat net slagge wie, hy meimoatten hie nei Sibearje, dêr't de iennichste kaai bewarre waard. Yn Keulen klage er de plysjeman Werner Graff oan, dy't hawwe woe dat er syn ûntsnappings bewurkmastere troch bewekkers om te keapjen. Hy wûn de rjochtsaak doe't er de klûs fan 'e rjochter iepene (letter seid er dat de rjochter fergetten hie en slút it ding goed ôf). Houdini waard oeral goed betelle, en mei syn nije rykdom kocht er in jûpe dy't nei't it sizzen wie, makke wie foar keninginne Fiktoaria. Dêrop beävensearre er yn New York in swide resepsje en presintearre er syn mem yn dyseldichste jûpe oan al har famyljeleden en kunde.

 
Harry Houdini yn hânboeiens (1918).

Doe't om 1907 hinne imitators syn trúks begûnen oer te nimmen, sette Houdini dermei útein om almar útwrydsker ûntsnappingsacts te prebearjen. Hy hie him al befrijd út sellen, hânboeiens, keatlings, touwen en twangbuizen, mar no liet er himsels yn twangbuizen en keatlings ûnder wetter en oan touwen hingjend tusken wolkekliuwers fêstsette, en sels yn in fersegele molkbus fol mei molke. Troch de mooglikheid dat er in kear fale soe en dat dat syn dea wurde soe, loek er yn dy tiid almar mear publyk, en hy nûge dat publyk út om alle boeiens, keatlings en oar materiaal sels fan tichteby te besjen en te testen, om har derfan te bewissigjen dat alles oan 'e ûntsnappingstrúk echt wie. It gie ferskate kearen op in hier nei mis, lykas doe't er himsels libben begrave liet, en him mar krekt op 'e tiid en yn in steat fan ferdwazing út syn benei-grêf wist te klauwen.

Oare aktiviteiten bewurkje seksje

Njonken syn eigen karriêre as artyst wie Houdini fan 1917 oant syn dea ek foarsitter fan 'e Society of American Magicians (SAM). Fierders makke er ferskate stomme films, mar hold dêrmei op doe't der gjin jild mear oan te fertsjinjen foel. As piloat hied er de bedoeling om 'e earste minske te wêzen dy't fleach yn Austraalje, en in hoartsje miende er dy ambysje wiermakke te hawwen, mar letter die bliken dat de Ingelsman Colin Defries him foar west hie. Houdini ferdjippe him ek yn 'e acts fan oare gûchelders en ûntsnappingsartysten, en stelde ferskate gefallen fan ferfalske trúks oan 'e kaak, wêrûnder dy fan syn eardere held Jean Eugène Robert-Houdin, oer wa't er nei gâns ûndersyk yn 1908 it boek The Unmasking of Robert-Houdin publisearre.

 
Harry Houdini lit him ûnderstboppest fêstsette yn in glêzene kist fol mei wetter.

Yn it ferlingde dêrfan died er ek ûndersyk nei spiritisten en mediums, dy't nei eigen sizzen harren klanten yn kontakt bringe koene mei de geasten fan 'e ferstoarnen, en ek op dat mêd helle er ferskate huchelders en oplichters ûnder fuotten. Syn aktiviteiten datoangeande lei er fêst yn it boek A Magician Among the Spirits, út 1924. Datselde jiers skreau Houdini mei auteur H.P. Lovecraft it koarte horrorferhaal Imprisoned with the Pharaohs, wêrby't it idee foar en de opbou fan it ferhaal grutdiels it wurk fan Lovecraft wiene, mar de ûntsnappingstrúks troch Houdini betocht en beskreaun waarden.

Ferstjerren bewurkje seksje

Harry Houdini stoar op 31 oktober 1926 troch búkfluesûntstekking feroarsake troch in barsten blineterm yn it Grace Hospital yn Detroit. Doedestiden gie it ferhaal dat Houdini syn krupsje feroarsake wie troch de studint J. Gordon Whitehead, dy't him by in besite oan syn klaaikeamer frege hie oft it wier wie dat stompen yn it weak fan liif him net dearden. Sûnder it antwurd ôf te wachtsjen hie hy dêrop Houdini, dy't efteroer op in sofa lei om't er in pear dagen earder by in optreden syn ankel brutsen hie, ferskate kearen hurd yn it liif huft. Hoewol't de eachtsjûgeferslaggen fierhinne mei-inoar oerienkomme oer dizze gong fan saken, is it de hjoeddeiske wittenskip net dúdlik oft en sa ja, hokker konneksje dit foarfal mei Houdini syn barsten blineterm hie.

Yn elts gefal hie Houdini dy jûns ûnder syn optreden slimme pine, en dat hold er de folgjende beide dagen, sadat er nachts net sliepe koe. Lykwols socht er gjin medyske help. Doe't der op 24 oktober úteinlik al in dokter byroppen waard, stelde dy fêst dat er 39 °C koarts hie fanwegen in blinetermûntstekking, en dat er daliks nei it sikehûs moast. Houdini sloech dy rie yn 'e wyn en gie troch mei syn optreden fan dy dei. Under dat optreden rekke er bûten bewustwêzen mar waard wer bybrocht, en neitiid rekke er dochs noch nei it sikehûs, dêr't er in wike letter kaam te ferstjerren. Houdini waard 52 jier. Syn begraffenis, mei 2.000 rougongers, fûn plak yn New York, en hy waard begroeven op it joadske Machpelah Cemetery yn Queens.

 
It grêf fan Harry Houdini.

Wurk bewurkje seksje

  • 1906 – The Right Way to Do Wrong: An Exposé of Successful Criminals
  • 1907 – Handcuff Secrets
  • 1908 – The Unmasking of Robert-Houdin
  • 191? – Conjuring (artikel foar de 13de edysje fan 'e Encyclopaedia Britannica)
  • 1920 – Magical Rope Ties and Escapes
  • 1920 – Miracle Mongers and Their Methods
  • 1921 – Houdini's Paper Magic
  • 1924 – A Magician Among the Spirits
  • 1924 – Imprisoned with the Pharaohs (koart horrorferhaal, skreaun mei H.P. Lovecraft)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.