Hartochdom Beieren

It hartochdom Beieren wie yn it earstoan it lân fan de Bajuwaren of Bavarii, ien fan de stamhartochdommen yn Dútslân.

Hartochdom Beieren 952 - 976

It gebiet besloech it grutste part fan it hjoeddeiske Beieren, Tiroal yn Eastenryk en Súd-Tiroal yn Noard-Itaalje. Regensburch wie de haadstêd fan de Bajuwaren, mar ek fan it hartochdom Beieren en fan it Eastfrankyske Ryk.