De Haskerfeanpolder is in polder fan 4550 hektare yn de trijehoek De Jouwer, It Hearrenfean en Akkrum op it krúspunt fan trije Fryske lânskippen: It Marregebiet, it Leechfeangebiet en Gaasterlân.[1] De Haskerfeanpolder waard troch de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed (RCE) oanwiisd as ien fan de tritich Nederlânske 'gebieten fan nasjonaal belang'. It tige iepen feangreidegebiet mei syn konvergearjende stripeferkaveling is typysk foar de tiid fan de weropbou yn Nederlân tusken 1940 en 1965. Dizze ferkaveling wurdt noch fuorsterke troch de dwers op kavels rinnende nije ûntslutingsdiken mei jonge pleatsen en de rjochte grienstruktueren, in einekoai, dykjes en fearten.

Haskerfeanpolder
bysûnderheden
oerflak 4550 ha
drûchlein ± 1717
Nije sleatten grave
Oan de skeppe
Untginning, grûnbewurking, egalisearjen en besânjen fan de Haskerfeanpolder
Gemaal yn oanbou
Bou nije pleats, 1960
Lange rjochte diken
Grevensmole

Skiednis bewurkje seksje

De Haskerfeanpolder hat in hichteferskil fan ûngefear trije-en-in-heale meter en hat trije ferskillende boaiemsônes.

It noarden fan de polder bestiet út klaai-op-feangrûnen, mei in ûnregelmjittige en blokfoarmige ferkaveling.

It middenstik bestiet út feangrûnen. It fean waard hjir yn de midsiuwen ûntgûn. Om dy reden waarden doe systematysk lykstrekige greppels en sleatten groeven. Sa ûntstie in waaierfoarmich patroan fan nei it noarden op in punt tarinnende stikken lân. Troch de tanommen turfgraverij wie ein achttjinde iuw in grut diel fan de polder ‘fersûpt’. Yn 1717 liet grutgrûnbesitter Vegelin van Claerbergen in diel fan it gebiet ynpolderje. Benoarden De Jouwer liet hy inkele monumintale beplantingsstripen oanlizze. Dy stikken grûn wiene rjochte op tsjerketuorren yn de fierte en aksintuearren de konvergearjende ferkaveling. It middenstik fan de polder bleau wiet en sompich oant de Grutte Hoarnstermar. It fersûpte diel fan de polder waard tusken 1855 en 1950 droechmeald mei it steamgemaal Stobbegat en yn kultuer brocht as lânbougrûn.

Oan de súdkant fan de polder leit in rige sânrêgen. Op dy râne fan it ûntginningsblok lizze dan ek de oarspronklike lintdoarpen Nijehaske, Haskerhoarne en Aldehaske. Foar it droechmealen fan dit middengedielte wie de Vegelinsdyk de ienige ferbining tusken De Jouwer en Akkrum. De Vegelinsdyk wie yn 1723 oanlein troch Vegelin van Claerbergen. Yn 1856 waard útein set mei de bepoldering. Yn 1860 kamen twa mûnen fan de Haskerfeanpolder yn bedriuw, de eardere Grevensmole (no 'Deelsmole') oan de Grevensfeart en noch in twadden-ien. Neidat de provinsje subsydzje joech kaam der yn 1867 in tredde wettermole. Om 1879 waard in nij steamgemaal oanbestege yn Nijehaske. Al foar 1912 wie in dieselgemaal klear yn it Hurdspytsje by Haskerhoarne. Doe 't yn 1917 in nij gemaal klear wie koene de moles 2 en 3 ferdwine. Om 1960 waard it stoomgemaal yn Stobbegat (it tsjintwurdige Vegelinsoard) ferfongen troch in elektrysk gemaal. Doe't yn 1908 de Haskerhoarnsterpolder oan de Haskerfeanpolder tafoege waard, wie de mole dy't dêr stie oerstallich. [2]

Troch it droechmealen fan de Grutte Hoarnstermar waard Stobbegat folle better berikber. Dy droechlizzing mei it steamgemaal by Stobbegat barde tusken 1930 en 1953, foarôfgeande oan de ruilferkaveling. De Grevenwei waard oanlein en oansluten op de Vegelinsdyk, dy 't ek wol Vegelinswei neamd wurdt. Boppedat waard de Middenwei oanlein. Fan de Middenwei en de Swartewei ôf waard it droechmakke lân heaksk ferkavele. Dêrtroch waard de oarspronklike kavelrjochting draaid en ferdwûn de besteande, op in punt útrinnende ferkaveling. De Vegelinsstroken oan de noardkant fan de Marskarwei wiene dêrtroch net mear goed te sjen, it patroan fan de vegelinstroken oan de súdkant bleau yntakt. Om 1930 bestie de ienige bebouwing fan it gebiet út ferspraat steande pleatsen en in tal pleatsen oan de Vegelinswei, oan de feankaaien en de bebouwing fan Stobbegat.

Ruilferkaveling bewurkje seksje

Benammen sûnt de 17de iuw oant de 20ste iuw waard hjir fean ôfgroeven foar turfwinning. Dêrtroch sakke de boaiem flink, mei ferwieting fan it gebiet as gefolch. Meardere kearen waarden ‘ferdronken’ dielen op ‘en nij ynpoldere. Troch de Ruilferkavelingswet fan 1954 koe de polder opnij ynrjochte wurde. Troch dy ferkaveling kaam der in bettere ynfrastruktuer, waard de wetterhúshâlding ferbettere en koene maatskiplike efterstannen weinomd wurde. De beëage oanlis fan rykswegen R38 en R43 wie de direkte oanlieding foar de ruilferkaveling fan de Haskerfeanpolder. De nije diken soene de minne ferbining fan de pleatsen mei harren lân noch minder meitsje. De gebietsynrjochting barde doe gâns oars as foar de oarloch. Sûnt de Ruilferkavelingswet fan 1924 wie it belied rjochte op ûntsluting foar motorisearre ferfier. Dit waard foar dy tiid behindere troch fersnippere grûnbesit, min berikbere stikken lân en minne ûntwettering. Nei de oarloch wie it belied benammen rjochte op effektivere en mear effisjinte lânbou troch skaalfergrutting rasjonalisearring en modernisearring fan it buorkjen. Om de produksjeferbettering te berikken waard yn 1954 in ruilferkavelingswet 'nije styl' makke. Der kaam neist de boerebelangen ek omtinken foar ynfrastruktuer, rikkeraasje, streekferbetering, ûntgrûning, de natoer en kultuerwearden. Der kamen nije pleatsen mei it lân tichtby hûs. Yn earder tiden stiene de pleatsen faak tichtby of yn de doarpen. Foar in bettere ûntwettering waard drainaazje oanlein, en kamen der nije gemalen. De wetterwegen waarden rjochtlutsen en ferdjippe, der kamen nije fearten en gemalen en boppedat waard der djipploeid en kaam der beplanting oan de diken en op de boerehiemen.

Weropbou bewurkje seksje

Yn de weropbouperioade waard it belied mear rjochte op fergrutting fan de lânbouopbringsten. Troch de feanterij wie der in soad ferskillen yn de wetterhúshâlding en de boaiemkwaliteit. De polder hie in meardere wetterhichten en de grinzen tusken de stikken rûnen faak nuver. Der wie gauris wetteroerlêst en it lân levere net folle op. Boppedat wiene in soad stikken lân allinnich oer wetter te berikken. De grutste ynvestearring wie dêrom rjochte op it lyklûken fan de wetterbehearsking yn de hiele polder. Der kamen twa nije gemalen, ien noardlik en gemaal De Welle. Der kaam in rasjonele wetterôffier troch it graven fan fearten as de Polderboskfeart, in wettergong bylâns de Mienskarwei, de Haskersleat en de Doltensleat. De om de polder lizzende wettergongen as it Hearrenfeansk Kanaal, Akkrumer Rak en de Alde Geau spilen ek in wichtige rol by it ûntwetterjen fan de polder.

Skaalfergrutting waard benammen berikt troch it gearfoegjen fan kavels en it tichtsmiten fan sleatten. De stikken greidlân waarden sadwaande breder en rjochter. Guon buorkerijen waarden ferpleatst, mar der waarden ek nije boud. De weropboupleatsen wiene fan it type kop-hals-romp. Se stiene as griene eilannen yn it iepen lânskip mei hiembeplanting as wynkearing oan de noard- en westside. Ophelbrêgen waarden ferfongen troch betonnen plaatbrêgen. Fierders kamen der buorkerijstrjitten as Lange Ekers, De Traen / Nije Kampen / It Rak, Konventswei en de Dielswâl en waard de Hoarnstermarwei oanlein. Ek waard in strook grûn reservearre foar de oanlis fan snelwei R38. De pleatsen waarden oansluten op elektrisiteit, dinkwetter en telefoan. Bysûndere kultuerhistoaryske eleminten as de Vegelinstroken en de einekoaien bleaune safolle mooglik bewarre.

Nei de Weropbou bewurkje seksje

Troch de útwreiding fan It Hearrenfean en De Jouwer waarden nei 1970 grutte stikken yn it suden fan de polder beboud. Neist wennings en bedriuwen kaam der in sânwinningsgat. De buorkerijwei Lange Ekers lei troch de bebouwing fan de Jouster wenwyk Skipsleat net mear yn it iepen lânskip. Troch de oanlis fan it Hearrenfeanske Kanaal en de opwurdearring fan Rykswei 43 nei snelwei A7 rekke it súdlike diel fan de Haskerfeanpolder ôfsnien fan it noardlike diel. Dwers troch de polder rint in heechspanningsline nei heechspanningsstasjon Aldehaske yn de súdeasthoeke fan de polder. Hiene de pleatsen foar de ruilferkaveling noch 20 bunder lân, yn 2016 wie dat ferdûbele. Sadwaande waard de bebouwing by de pleatsen útwreide en moasten in tal diken ferbrede wurde foar de gruttere lânboumasines.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: