Heanen (Bolboschoenus maritimus, synonym: Scirpus maritimus) is in blaugerssoarte. Heanen komt foar yn skoarren, kwelders en op plakken dêr't de grûn noch sâltich is troch eardere dyktrochbrekken dy 't streamkes, rillen, slinken en wielen foarmen. Heanen is werom te kennen troch de trijekantige stâle en de bloeiwize. Under de grûn hat de plant rûne houtene knollen dêr 't fiedingsstoffen yn opslein binne. Dy knollen wurde in soad fretten troch oerwinterjende skiere guozzen.

Heanen

De Heanmar by Koudum is neamd nei heanen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: