In hearebank (ek: famyljebank) is in meast iken stuolte yn in tsjerke, setten troch in famylje fan kwizekwânsje.

De hearebank yn de Grutte of Sint-Janstsjerke (1780) yn Skiedam
Hearebank yn de tsjerke fan Hegebeintum

Faak bestiet in hearebank út twa rigen sitplakken efter inoar. De efterste rige kin in oerkaping hawwe. Boppe it efterskot of op de oerkaping stiet meastal in snien opsetstik. Soms stiet hjir in famyljewapen op ôfbylde. De tagongen ta de banken binne mei doarkes sluten. Hearebanken stienen oarspronklik faak foar de preekstoel oer of yn it preesterkoar fan de tsjerke.