Hein Kocken (Utert, 1945) is byldzjend keunstner mei de dissiplines frij en monumintaal byldhouwen, frij skilderjen en yn opdracht. Syn wurk is figuratyf mar ek wol abstrakt.

Biografy bewurkje seksje

Kocken hat syn jeugd trochbrocht yn utert, wêr't hy by syn pake (glêzenier) foar it earst mei keunst yn oanrekking kaam. Op 18-jierrige leeftyd folge hy op de Ryks Normaalskoalle (letter Rietveldakademy) yn Amsterdam, de oplieding ta tekenlearaar. Dêrnei waard hy as learling mei gâns ûnthjit binnenhelle troch prof. V.P.S. Esser, ôfdieling: byldhouwen op de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Nei twa jierren klassike oplieding begûn de boartlike frijheid fan de 'Rietveld' op te brekken en koe hy de akademy wol ferlitte. Sterk ynspirearre troch Henri Moore begûn syn loopbaan as monumintaal byldhouwer mei de earste skulptueren yn gips te boetsearjen. As earm byldhouwer socht hy nei materialen, dy't goedkeap en dochs noch frijwat duorsum wienen. Sa waarden syn earste bylden makke út karossery, autoplaat, yn de goede foarm slein, laske, smeid en slipe.

Yn 1969 sette hy him ta wenjen yn Alde Leie op It Bilt, dêr't no party grutte skulptueren yn brûns fan him steane. De frij-dragende karrossery-technyk fan plaatizer waard al gau ferfongen troch dizze technyk yn de brûns-legearing gielkoper te ferwurkjen, mei in útstrieling dy't net ûnderdie foar jitten brûns. Sa koenen foar in bytsje jild grutte skulptueren makke wurde, dy't hielendal yn eigen atelier makke waarden.

 
"Sit fan Ryks Belestingen" Ljouwert 1972

Om de jierren '80 hinne, doe't de demokratisearring ek yn it opdrachtefjild krekt tapast waard en allinnich mei iepenbiere ynskriuwings de opdrachten fan de oerheid noch ferjûn waarden, wie it dien mei de karriêre as byldhouwer. In perioade mei in soad oare aktiviteiten lykas skipsrestauraasjes en ynterieur/design mei ferbouwingen folgen. It wurd 'keunst' waard in flok.

Oant yn 1999 der fan folle kanten sa oan him lutsen ward, om dochs wer wat yn de keunst te dwaan, gie hy rtroch de knibbels en makke in tal lytse skulptueren. Troch in boppe ferwachting grut súkses kaam hy werom yn de keunst en begûn yn 2001, nei fjirtich jier wer te skilderjen.

Neist non-figuratyf wurk makket hy no in soad figuratyf wurk, yn it skilderjen mar ek yn byldhouwen binne beide rjochtingen fertsjintwurdige. Ek it portret is troch him op in hiel eigen wize delset. Yn syn searje 'Masquerade' hat hy in oantal figueren portrettearre yn in tige grut formaat op Japansk ryspapier, wêrby't fuort de fraach opsmiten wurdt:'Giet it hjir om de persoan?' of 'ferskûlet dizze him efter syn/har masker?'

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: