Hein Mader (Willendorf in der Wachau, 9 maart 1925 - Mantgum, 31 oktober 2011) wie in keunstner út Tsjeintgum, in útbuorren dy't ûnder Mantgum falt. Hy makke metershege bylden fan stien en stiel dy't steane yn byldetunen yn Mantgum en Menaam. Der wiene ûnder oare plannen foar sa'n tún op It Amelân en by Menaam, mar dy binne der nea kaam. Hy is fan Eastenryksk komôf en wenne sûnt 1989 yn Fryslân. Yn 1960 kaam er nei Nederlân fanwegen in faam.[1] Yn binnen- en bûtenlân stean keunstwurken fan him.

Wurk sûnder titel, 1982, fan Hein Mader yn de Papenbroekstege, Amsterdam.

Keppelings om utens bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. [1] Frysk Deiblêd 28 augustus 2002