Helene Kröller-Müller

Helene Kröller-Müller (Essen), 11 febrewaris 1869 - Otterlo, 14 desimber 1939) wie in Nederlânsk keunstsamler fan Dútsk komôf. Se wie ien fan de earste froulju yn Europa dy't in grutte keunstkolleksje byinoar brocht en wurdt ek beskôge as ien fan de earste samlers dy't it sjeny fan Vincent van Gogh werkende. Se joech har hiele kolleksje oan it Nederlânske folk, tagelyk mei it grutte boskige lângoed fan har en har man, Anton Müller.

Helene Kröller-Müller
Helene Müller en Anton Kröller
Helene Müller en Anton Kröller
persoanlike bysûnderheden
echte namme Helene Emma Laura Juliane Kröller-Müller
nasjonaliteit flagge fan Dútslân Dútsk
flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 11 febrewaris 1869
berteplak Horst (Essen
stoarn 14 desimber 1939 (70 jier)
stjerplak Otterlo
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
aktyf as Keunstsamler en filantroop
reden
  bekendheid
Oprjochting Kröller-Müller Museum

Libben en wurk bewurkje seksje

Helene Müller waard berne yn it gesin fan in Dútske yndustrieel. Hja troude yn 1888 mei de Nederlânske sakeman en har heit syn sakepartner Anton Kröller en krige mei him fjouwer bern. Müller folge fan 1906 ôf lessen keunstbeskôging by de keunstkritikus H.P. Bremmer. Op oanstean fan Bremmer begûn se in jier letter keunstwurken te sammeljen út de santjinde iuw, de twadde helte fan de njoggentjinde iuw en it begjin fan 'e tweintichste iuw, dêr't Bremmer in advisearjende rol yn spile. Se kocht net allinne skilderijen en tekeningen fan Vincent van Gogh (lykas 91 skilderijen en 185 tekeningen), mar ek skilder-, byldhou-, teken- en printwurk fan ûnder oaren Redon, Seurat, Braque, Picasso en Mondriaan. Ek kocht se keunst út âlde tiden, oant yn de fyftjinde iuw, lykas Gryksk keramyk en skilderijen út Sina en Japan. Fia Bremmer kocht se ek mear as 400 wurken fan de Nederlânske keunstner Bart van der Leck, mar dy syn populêrens waard lang sa grut net as dy fan Van Gogh.

Op in reis nei Florâns yn juny 1910 kaam se op it idee om in museumhûs te bouwen. Fan 1913 ôf oan wiene parten fan har kolleksje iepensteld foar it publyk; oant healwei de jierren tritich wie har tentoanstellingsromte yn De Haach ien fan mar in pear plakken dêr't mear as in stikmannich moderne keunstwurken te besjen wiene. Yn 1928 rjochten Anton en Helene de Kröller-Müller Stichting op om de samling en de lângoederen te beskermjen. Yn 1935 joegen se de Nederlanners harren hiele kolleksje fan sa'n 12.000 objekten wei, op betingst dat der in grut museum yn harren park boud wurde soe. It Kröller-Müller Museum yn it Nasjonaal Park De Hege Feluwe, dat de Nederlânske oerheid op 'e noed hie, waard yn 1938 iepene. Har favorite skilderijen binne ûnderbrocht yn in aparte seal.

Yn de jierren tritich fielde Kröller-Müller sympaty foar it nasjonaal-sosjalisme. Hoewol't se net kritykleas wie, seach se Hitler as de man dy't har heitelân wer grut en sterk makke hie. Yn july 1939 waard sy sels foarsteld oan de Dútske diktator. Fan de NSB moast se minder hawwe, hoewol't har beide soannen Wim en Toon aktyf lid wiene. Sa wegere se in ferwizing nei de NSB op de grêfstien fan Toon doe't dy yn juny 1938 as gefolch fan in hertoanfal ferstoar, doe't er dwaande wie mei it oan 'e man bringen fan de NSB-krante Volk en Vaderland.

Publikaasjes bewurkje seksje

  • Brieven aan en van Anthony George Kröller (1862-1941) en Helene Emma Laura Johanna Kröller-Müller (1869-1939) van en aan Willem Jan Mari van Eysinga (1878-1961). - 1922-1941. - 1 omslach
  • Beschouwingen over problemen in de ontwikkeling der moderne schilderkunst / H. Kröller-Müller; ornaminten en bânûntwerp: Henry Van de Velde ; útjefte bewurke troch H. Wilbers. - Maastricht: Leiter-Nypels, 1925. - 259 s. - Beschouwingen gehouden 1923-1924 in opdracht der Haagsche volksuniversiteit aan de hand van schilderijen harer verzameling. - Letter Erasmus Mediæval. Ek yn it Dútsk ferskynd: Die Entwicklung der modernen Malerei: ein Wegweiser für Laien. - Leipzig: Klinkhardt & Biermann, 1925 of 1927.

Literatuer bewurkje seksje

  • Rovers, Eva (2010). De eeuwigheid verzameld: Helene Kröller-Müller (1869-1939). Bakker, Amsterdam. 601 s., 48 s. pl. Teffens proefskrift Ryksuniversiteit Grins. ISBN 978-90-351-3551-2. Biografy.
  • Nijhof, Wim H. (2006). Anton Kröller (1862-1941), Helene Kröller-Müller (1869-1939): miljoenen, macht en meesterwerken. De Valkenberg, Apeldoarn. 592 s., 16 s. pl. Rêchtitel: Anton & Helene Kröller-Müller. ISBN 90-807054-8-9, ISBN 978-90-807054-8-7.
  • Straaten, Evert van (2005). De Hoge Veluwe: Helene Kröller-Müller en haar museum. Yn: Nederland in de twintigste eeuw / ûnder red. fan Wim van den Doel ; krt. Y.T. Bouma ; fotogr. Theo Uytenhaak. Bakker, Amsterdam. 558 s. (Plaatsen van herinnering ; dl. 4). ISBN 90-351-2856-7.
  • Jonge, Piet de (2004). Helene Kröller-Müller: een biografische schets in woord en beeld / einred. Karin van Lieverloo. Kröller-Müller Museum, Otterlo. 223 s. Omslachtitel: HKM. ISBN 90-73313-22-8. Biografy.

Film bewurkje seksje

Keppelingen om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: