Hendrik Johannes Haverman (Amsterdam, 23 oktober 1857 - De Haach, 11 augustus 1928) wie in Nederlâns keunstskilder.

Hendrik Johannes Haverman (selsportret)
Afysje fan Richard Roland Holst

Wurkpaad bewurkje seksje

Hendrik Haverman studearre oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en oan de keunstakademys fan Antwerpen en Brussel. Hy wie in learling fan August Allebé en Hendrik Valkenburg. Hy arbeide ûnder oaren yn Amsterdam, Diepenveen en De Haach. Haverman wie learmaster fan Edmée Broers, Margaretha Josephine Elisabeth Franco-Cohen Gosschalk, Maria Adeline Alice Schweistal en Pauline Suij. Haverman syn oeuvre wie breed: hy skilderde ûnder mear portretten, lânskippen en stedsgesichten.

Yn de lêste troch Nicolaas Beets korrigeare druk fan de Camera Obscura út 1901 is in portret fan de skriuwer opnaam, makke troch Hendrik Haverman.

Haverman wie ek keunstkritikus en skreau ferskate artikels yn De Gids.[1]

Yn 1918 wie der in earetentoanstelling fan wurk fan Hendrik Haverman yn de sealen fan it genoatskip Pulchri Studio yn De Haach. Yn febrewaris 2008 iepene yn Pygmalion Beeldende Kunst te Maarssen de útstalling De Tachtiger-schilder H.J. Haverman (1857-1928) & tijdgenoten, de earste tentoanstelling nei syn ferstjerren, tachtich jier lyn.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Versteegh, Jaap De Tachtiger-schilder H.J. Haverman (1857-1928) yn: Kunst & Antiekjournaal, maart 2008.
  • Vervoorn, A. J. De grafiek van H. J.Haverman yn: Antiek 21 (1986/1987)
  • Boer, H.de H.J. Haverman yn: Elsevier's Geïllustreerd Maandschrift 28 (1918)
  • Veth, J. Hollandsche teekenaars van dezen tijd Rotterdam, (1905)
  • Marius, G.H. H.J. Haverman yn: Onze Kunst 1 (1902)
  • Meester, J. de H.J.Haverman yn: Elsevier's Geïllustreerd Maandschrift 8 (1898)

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Digitale bibliotheek voor de Nederlandse letteren