Hendrik Hermanus Hess

Hendrik Hermanus Hess (Ljouwert, 10 oktober 1735Gouda, 29 july 1794) wie in Nederlânsk oargelbouwer.

Hendrik Hermanus Hess
persoanlike bysûnderheden
oare namme Hendrik Harman Hess
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1735
berteplak Ljouwert
stoarn 1794
stjerplak Gouda
wurkpaad
berop/amt Oargelbouwer
Lofts fan de skou in kammenetoargel fan Hess (Muzykhistoarysk Museum Scheurleer)

Libben en wurk bewurkje seksje

Hy waard op 11 desimber 1735 yn de Evangelyske Lutherske Gemeente doopt as Hendrik Harman Hess. Hy wie in soan fan skroar Ludewig/Lodewig/Ludwig Hess en Ette Margaretha Adrians.

Hy gie ynearsten yn de fuotleasten fan syn heit en waard ek skroar. Om 1754 hinne waard er lykwols oerhelle troch syn broer Joachim Hess, oarganist en oargelbouwer) om oargelbouwer yn Gouda te wurden. Op 17 jannewaris 1755 lei er de poarterseed ôf. De jonge Hess levere (foar safier't dat witten is yn de 20e iuw) tolve oargels; dêr binne dy fan de Augustinetsjerke yn Doardt, de Gasthûstsjerke yn Schiedam en de Oudshoornske tsjerke yn Alfen oan de Ryn ûnder. Net alle oargels fan Hess binne bewarre bleaun. Bygelyks it oargel fan de Doardtske Augustinetsjerke waard hieltyd wer ôfbrutsen en fannijs opboud yn oare Nederlânske stêden (Rotterdam, Putten en Muiden). Hess die ek mei oan it ûnderhâld fan oargels fan oaren, lykas dy yn de Laurenstsjerke yn Rotterdam.

Hjoed-de-dei is Hess benammen ferneamd fan de soad hûsoargels dy't er ûntwurp en makke. Der binne teminsten fjirtich fan bekend. Hy ferwurke de oargels yn kammenetten en buro’s yn Loadewyk XV-styl en Loadewyk XVI-styl. Hy learde dat fak fan syn feinten, ûnder oare fan de Eastenriker J.J. Mitterreither. Der wie yndertiid in grut ferskil tusken Hess synes en de Amsterdamske hûsoargels. By de "Goudske" oargels waard drukkrêft yn 't plak fan lûkkrêft yn it wunlaad brûkt. Dat meganyk soe letter troch oare oargelmakkers oernaam wurde. Nei Hess syn dea gie de mei-eigener fan syn saak mei it wurk troch.

Hess wie in foaroansteand boarger yn Gouda. Hy troude fjouwerris. Fan 1760 oant 1768 wie er boaske oan Petronella van Hambergen. Yn 1769 troude er mei Neeltje van Oosterhout en yn 1783 met Margaretha Fek. Hy garre yn syn libben in fermogen en besiet huzen oan de Hoogstraat, Kromme Gouwe en Turfmarkt. Syn broer Joachim, teffens publisist, wurdearre him tige en hat oer syn libben skreaun.

H.H. Hess ferstoar hommels yn Gouda op 28 july 1794 en waard op 31 july 1794 beïerdige yn de Sint-Janstsjerke yn Gouda.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: