Hendrik Jakob Lever jr.

Hendrik Jakob (Henk) Lever jr. (Grins, 26 desimber 1923Kamp Vught, 18 augustus 1944) wie in Nederlânske fersetsstrider ûnder de Twadde Wrâldoarloch.

Henk Lever

Henk Lever wie in soan fan boekhanneler Henk Lever sr.. Yn 1931 ferhuze er mei syn âlden, pake en broer Jan en suster Meta nei Snits. Dêr kamen se te wenjen oan it Kleinzand.

Lever wie yn de oarloch lid fan de Groep Lever, dy't ûnder oare ferantwurdlik wie foar it fersprieden fan yllegale blêden lykas Vrij Nederland en Trouw. Yn 1942 waard Henk jr. tagelyk mei syn heit en broer arrestearre troch de Dútsers. Nei in moanne finzenisstraf yn de Amsterdamse Euterpestraat waarden se frijlitten.

Yn de nacht van 16 op 17 novimber 1943 die de Sicherheitsdienst in ynfal yn de wente fan de famylje dy't tsjinne as haadkertier fan de Groep Lever. Henk jr. wie op dat stuit net thús.

Henk jr. dûkte nei de ynfal ûnder op de pleats fan Pieter Reitsma yn Leons. Dêr waard op 25 maaie 1944 in ynfal dien troch lju op 'e siik nei yllegale wurkers. Henk koe flechtsje, mar waard besketten troch de Dútsers. Hy rekke swierferwûne en waard oerbrocht nei it Hûs fan Bewar yn Ljouwert. Hy waard dêr in tal wiken ferpleegd en dêrnei oerbrocht nei Kamp Vught. Dêr waard er op 18 augustus 1944 deasketten. Hy wie doe 20 jier.

Neitins bewurkje seksje

Yn Snits is op it Algemien Begraafplak in monumint ta oantins fan de famylje Lever stifte op it grêf fan Jan Lever. Yn de Sudertsjerke en yn harren eardere went oan it Lytssân, no part fan it Frysk Skipfeart Museum, hinget in oantinsplakette. De Famylje Leverstrjitte yn Snits is ek nei de famylje ferneamd.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: