Henk Lampe (Snits, 1951) is in Nederlânske ûntwerper en byldzjend keunstner.

Besinningsmonumint, Martiniplantsoen, Frjentsjer

Libben en wurk bewurkje seksje

 
Boartersplastyk, Wytmarsum

Lampe studearre wenkritefoarmjouwing oan de Arnhimske akadeemje.[1][2] Sûnt 1976 arbeidet er as selsstannich ûntwerper. Yn dat jier liet er syn stoel Stokkenzit sjen by de fyfde Biennale Ynterieur yn Kortrijk en by galery Ekster yn Ljouwert.[3] Lampe ûntwerpt ûnder mear meubilêr, berneboartersplakken en frijsteande keunstobjekten.

In foarbyld fan syn wurk is de rige 'kunstspeelplastieken' dy't er yn 1991-1992 makke by gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Gasbedriuw Westergo.[4][5] De plastiken binne opboud út deselde eleminten, mar ek ferskillend. Se waarden pleatst yn de njoggen Fryske gemeenten dy't oandielhâlder fan it gasbedriuw binne.

Galery bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. P.M.J. Jacobs (1993) Beeldend Nederland : biografisch handboek. Tilburg: Utjouwerij drs. P.M.J. Jacobs BV. Fol 2, s. 12. ISBN 9080106313
  2. "Lampe: objecten in lange ruimte", Leeuwarder Courant, 5 septimber 1980.
  3. "Bewust zitten in de stokkenzit", Leeuwarder Courant, 27 novimber 1976.
  4. Keunstwurk: speelplastiek
  5. Sikke Doele, "Gasbedrijf geeft Zuidwesthoek 'kunstspeelplastieken' : Henk Lampe ontwierp negen variaties op een thema", Leeuwarder Courant, 22 septimber 1992.