Hendrik Lodewikus Eduard Maria (Henk) Terlingen (Amsterdam 31 augustus 1941 - Geldermalsen, 12 july 1994) wie in Nederlânsk radio- en telefyzjepresintator.

Henk Terlingen
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Henk Terlingen (1973)
Henk Terlingen (1973)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hendrik Lodewikus Eduard Maria Terlingen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 31 augustus 1941
berteplak Amsterdam
stoarn 12 july 1994
stjerplak Geldermalsen
wurkpaad
wurksum as presintator
medium Radio,
Telefyzje
wurksum by KRO,
NOS,
Veronica
bekend fan Telefyzjekommentaar by de earste moannelâning
jierren aktyf 1962 - 1981
Henk Terlingen (1969)

Terlingen waard nasjonaal bekend doe't er mei Chriet Titulaer de live-útstjoerings fan de Amerikaanske moannelanningen op de telefyzje presintearre en bekommentariearre. Hy krige doe de bynamme 'Apollo Henkie'.

Teffens presintearre Henk Terlingen sportprogramma's sa as Sport in Beeld (de foargonger fan Studio Sport) en de radio-útstjoerings fan de Olympyske Spullen. Terlingen syn presintaasjewurk rekke yn de nederklits doe't er in stimoandwaning krige, nei alle gedachten ek mei troch syn alkoholisme en swiere smoken. Doe hat er him talein op PR-wurk en redaksjewurk. Dy nije faze fan syn karriêre waard lykwols ôfbrutsen doe't de longkanker him oppenearre, dert er ek oan stoarn is.

Terlingen wie troud mei Mia Mathot dêr't er in soan David mei hie. Troch Terlingen syn alkoholisme rekke it houlik tenein, mar nei in ôfwenningskuer binne sy op 'en nij troud. Op oantrúnen fan David Terlingen is der in biografy oer syn heit skreaun. De biograaf is fan betinken dat Terlingen oanhelle wie mei it Syndroom fan Asperger.

Op 28 septimber 2007 waard de planetoïde (12135) Terlingen nei him ferneamd fanwegen syn bydrage oan it omtinken foar de romtefeart yn Nederlân.