Jules Henri Poincaré (Nancy, 29 april 1854 - Parys, 17 july 1912) wie in Frânsk wiskundige en wittenskipsfilosoof. Poincaré wurdt faak beskreaun as de lêste fan de "universalisten", by steat om hast alle gebieten fan wiskunde te begripen en dêroan by te dragen. Boppedat wie hy mynboukundich yngenieur, wittenskiplik adviseur fan it Frânske regear, auteur fan bestsellers en hat hy wichtige stikken fan de spesjale relativiteitsteory ûntwikkele. Syn neef Raymond Poincaré wie presidint fan Frankryk yn de Earste Wrâldoarloch.

Henri Poincaré

De bydragen fan Poincaré oan de wiskunde wienen fûneminteel fan aard, net allinnich oan de wiskunde, mar ek oan de wiskundige natuerkunde en oan de himelmeganika droech hy by. Yn 1911 krige hy foar syn bydragen oan de astronomy de Bruce Medal fan de Astronomical Society of the Pacific. Yn 1905 krige hy al de Matteucci Medal. Hy wie ferantwurdlik foar de formulearring fan it Poincaré-fermoeden, in ferneamd probleem út de wiskunde.

By syn ûndersyk nei it trijelichemsprobleem wie Poincaré de earste dy't in gaoatysk deterministysk systeem ûntdekte. Hy lei dêrmei in fûnemint foar de moderne gaosteory.[1]

Yn 1908 waard Poincaré keazen ta lid fan de Académie française.

Henri Poincaré levere in soad bydragen op ferskate gebieten fan de suvere- en tapaste wiskunde, lykas: himelmeganika, streamingslear, optika, elektrisiteit, telegrafy, kapillariteit, elastisiteit, termodynamika, potinsjaalteory, kwantumteory, relativiteitsteory en de natuerkundige kosmology.

Neist syn wittenskiplike aktiviteiten wie hy ek in popularisator fan de wis- en natuerkunde en skreau hy meardere populêrwittenskiplike boeken.

Spesifike tema's, dêr 't hy oan bydroegen hat:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Ian N. Stewart: Speelt God een spelletje? : de structuur van de chaos, 1991, Spectrum, Utert