Henry Khunrath Pancoast (Philadelphia, 26 febrewaris 1875Merion (Pennsylvania), 20 maaie 1939) wie in Amerikaansk radiolooch nei wa't in type longkanker ferneamd waard (Pancoasttumor).

Pancoast wie in soan fan foaroansteande Quakers; syn heit wie dokter. Hy krige ûnderjocht oan de (Society of) Friends Central High School. Hy studearre medisinen oan de Universiteit fan Pennsylvania en promovearre yn 1898.[1]

Pancoast syn earste baan wie yn it Sikehûs fan de Universiteit Pennsylvania. Yn 1900 sette er dêr út ein mei in oplieding ta sjirurch. Doe't de earste radiolooch fan dat sikehûs, Charles Lester Leonard (1861–1913), yn 1903 mei pinsjoen gie, sollisitearre Pancoast nei dy funksje.

Pancoast waard beneamd ta heechlearaar radiology oan it Hospital of the University of Pennsylvania in Philadelphia yn 1912.[2] Hy wie de earste heechlearaar yn de radiology yn de Feriene Steaten. Yn 1939 folge Eugene Pendergrass him yn dy funksje op.

Publikaasje (karút) bewurkje seksje

  • H. Pancoast, E. Pendergrass: Pneumoconiosis (silicosis). New York, 1926.

Literatuer bewurkje seksje

  • M. G. Cherniack: Historical perspectives in occupational medicine. Pancoast and the image of silicosis. Yn: American journal of industrial medicine. Bân 18, nûmer 5, 1990, sd. 599–612, ISSN 0271-3586. PMID 2244632.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Olson, James S. (1989). The History of Cancer: An Annotated Bibliography, sd. 65-66. Greenwood Press. Inc.
  2. Olson, James S. (1989). The History of Cancer: An Annotated Bibliography, sd. 65-66. Greenwood Press. Inc.