Herborg Kråkevik

Herborg Kråkevik (28 desimber 1973) is in sjongster en aktrise út Noarwegen. Sy is ferneamd fan har ynterpretaasjes fan Noarske folkslietsjes, toanielstikken en films. Har meast ferneamde rollen binne har debútrol Eliza yn My Fair Lady (1997) en Julie yn Romeo en Julia (1997).

Herborg Kråkevik yn 2011

Kråkevik hie in soad súkses yn 2000 mei Kråkeviks Songbok, in CD mei ferskate Noarske folkssangen, ûnder oaren Den Fyrste Sang en in musicalferzje fan it gedicht Til ungdommen fan de Noarske dichter en skriuwer Nordahl Grieg (fiere neef fan Edvard Grieg).

Dêrnei hie Kråkevik in haadrol yn Det største i verden (2001) as Petra.

Bibliografy bewurkje seksje

  • 2004: Forteljingar

Diskografy bewurkje seksje

  • 1995: Mi Haugtussa
  • 1998: Herborgs Verden (nominearre foar de Spellemannpriis)
  • 2000: Kråkeviks songbok
  • 2002: Eg og Edith
  • 2004: Forteljingar (lietbondel)
  • 2008: Annleis enn i går
  • 2009: Kvar ein dag
  • 2011: Alltid i mitt sinn
  • 2012: Jul i stova

Filmografy bewurkje seksje

  • 1993: Det rare
  • 1996: Jakten på nyresteinen
  • 2001: Det største i verden

Teater bewurkje seksje

  • 1995: Haugtussa - basearre op gedichten fan Arne Garborg
  • 1997: My Fair Lady (as Eliza Doolittle),
  • 1997: Romeo og Julie (as Julie)
  • 2005: Funny Girl
  • 2011/12: Kjere landsmenn.

Keppeling om utens bewurkje seksje