Herfoarme Tsjerke yn Amearika

De Herfoarme Tsjerke yn Amearika (Ingelsk: Reformed Church in America), gauris ôfkoarte ta RCA, is in kalvinistysk protestantsk tsjerkegenoatskip yn 'e Feriene Steaten en Kanada. Dizze organisaasje komt streekrjocht fuort út 'e Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke, en waard stifte yn 1628, doe't de Nederlânske kolonisten yn Noard-Amearika harren earste tsjerklike gemeente oprjochten. Sûnt 1754 is it selsstannige tsjerke, dy't oant 1867 de namme fan Herfoarme Protestantske Nederlânske Tsjerke (Reformed Protestant Dutch Church) droech. De Herfoarme Tsjerke yn Amearika hat likernôch 230.000 leden.

Herfoarme Tsjerke yn Amearika
algemiene ynformaasje
off. namme Reformed Church in America
stifting 1628
ûnôfhinklik 1754 (f.d. Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke)
erkenning 1754 (f.d. Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke)
fierdere bysûnderheden
streaming protestantisme (kalvinisme)
tsjerketaal Ingelsk
ledetal 152.000 (2021)
webside www.rca.org

Skiednis bewurkje seksje

De earste Nederlânske kolonisten yn Nij-Nederlân holden ynformele tsjerketsjinsten, mar yn 1628 stifte dûmny Jonas Michaelius yn Nij-Amsterdam (no New York) de earste formele tsjerklike gemeente, nei de foarskriften fan 'e kalvinistyske steatstsjerke fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen, dy't him letter ûntjaan soe ta de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke. Salang't Nij-Nederlân in Steatske koloanje bleau, wie de kalvinistyske tsjerke ek dêr de steatstsjerke, dy't ûnder it gesach ressortearre fan 'e klassis fan Amsterdam.

Sels nei't Nij-Nederlân yn 1664 yn Britske hannen fallen wie, waarden alle dûmnys noch oplaat yn 'e Republyk. It Nederlânsk bleau de tsjerketaal oant 1764. Dêrnei stoar it gebrûk fan it Nederlânsk foar de liturgy stadichoan út en waard dy taal ferfongen troch it Ingelsk, oant der yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw in nije weach Nederlânske ymmigranten oankaam, mei as gefolch dat op guon plakken it Nederlânsk wer op 'e nij as tsjerketaal ynfierd waard.

 
De First Reformed Church yn Albany, stifte yn 1642 (it hjoeddeiske gebou datearret fan 1798).

Yn 1747 krige de Amerikaanske tsjerke fan 'e memmetsjerke yn 'e Republyk tastimming om in eigen tsjerklike gearkomste of klassis op te rjochtsjen, en yn 1754 ferklearre dy nije klassis de Amerikaanske tsjerke ûnôfhinklik fan 'e klassis fan Amsterdam. Yn 1766 waard it Queens Kolleezje (no de Rutgers Universiteit) yn New Brunswick (Nij-Jersey) oprjochte, dêr't John Henry Livingston yn 1784 oansteld waard as earste heechlearaar teology oan it eigen Teologysk Seminaarje fan New Brunswick. It belang dêrfan wie de Amerikaanske tsjerke fan dy tiid ôf syn eigen foargongers opliede koe, en net mear ôfhinklik wie fan oerseesk oplate predikanten.

Yn dy snuorje dominearre de Nederlânsktalige mienskip, dy't fuortkaam út 'e oarspronklike kolonisten fan Nij-Nederlân, net inkeld de stêd New York, mar ek de Hudsondelling en dielen fan Nij-Jersey, wylst se in wichtige minderheid foarmen yn súdeastlik Pennsylvania en súdwestlik Konnektikut en op Long Island. Yn 'e iere achttjinde iuw arrivearren der fierders sa'n 3.000 Dútske godstsjinstflechtlingen fan 'e Palts yn New York, dy't har úteinlik yn mearderheid nei wenjen setten by de rivieren de Schoharie en de Mohawk lâns. Hja stiften dêr frijwat Dútsktalige lutherske en kalvinistyske tsjerken, en har neiteam hold mear as in iuw lang fêst oan it gebrûk fan it Dútsk as sprektaal, tsjerketaal en fiertaal op harren skoallen. Tsjin 'e iere tweintichste iuw hie it meastepart fan harren tsjerken him oansletten by de Herfoarme Tsjerke yn Amearika.

Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch briek der yn 'e Amerikaanske tsjerke in bitter yntern skeel út oer de foarm fan gearkomste dy't it tsjerkegenoatskip bestjoere moast. Mooglik begûn dat al yn 1737, en it hold oan oant de tsjerke yn 1792 formele statuten oannaam. Yn 1794 waard de earste algemiene synoade holden, en yn 1819 waarden de statuten by notariële akte fêstlein. Dat barde ûnder de namme fan 'e Herfoarme Protestantske Nederlânske Tsjerke (Reformed Protestant Dutch Church); pas yn 1867, nei de Amerikaanske Boargeroarloch, waard de namme feroare yn it hjoeddeiske 'Herfoarme Tsjerke yn Amearika'.

 
John Scudder sr., ien fan 'e earste sindelingen om utens fan 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika (dy't yn 1819 nei Britsk-Ynje gie).

Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw sette de tsjerke in wiidfiemjend sindingsprogramma op om it kristendom nei oare dielen fan 'e wrâld te bringen. Yn dyselde snuorje hiene guon leden noch slaven yn eigendom, en de tsjerke wie tsjin op abolysjonisme. Op it plattelân fan New York en Nij-Jersey holden de dûmnys yn 'e regel tusken 1830 en 1850 op mei te preekjen yn it Nederlânsk, en yn dyselde perioade joegen de Nederlanners dêre har âlde klaaiïng en gewoanten deroan. Tagelyk setten har in protte nije ymmigranten út Nederlân nei wenjen yn it Amerikaanske Midwesten, benammen yn 'e steaten Michigan en Iowa. Sadwaande ûntstiene dêr nije Nederlânsktalige gemeenten. Yn 1857 skate lykwols in groep konservativere leden yn Michigan him fan 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika ôf; ûnder lieding fan Gijsbert Haan rjochten dy de rivalisearjende Kristlik-Herfoarme Tsjerke yn Noard-Amearika (Christian Reformed Church in North America) op. Yn 1882 foegen noch in stikmannich oare Herfoarme gemeenten har by dizze nije tsjerke.

Yn 'e tweintichste iuw wreide de Herfoarme Tsjerke yn Amearika him nei de Twadde Wrâldoarloch ek oer de grins nei Kanada út, dat yn dy snuorje de bestimming wie fan grutte groepen Nederlânske ymmigranten. Fierders iepene de tsjerke tusken 1949 en 1958 120 nije tsjerken yn 'e Feriene Steaten foar stedsjers dy't net fan Nederlânsk komôf wiene. Syn hichtepunt berikte de tsjerke yn 1980, mei in ledetal fan 360.000 minsken. Dêrnei sette de delgong yn, sa't dat by de measte tsjerken yn dy tiid it gefal wie. Yn 2000 wiene der noch 300.000 leden, mar yn 2015 wie dat oantal mindere ta 230.000.

Leauwe bewurkje seksje

It leauwe fan 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika is besearre op ferskate dogma's, wêrûnder de Heidelberchske Kategismus en de Doardtske Learregels. De tsjerke is foar Nederlânske begripen tige konservatyf, mar yn 'e Feriene Steaten heart de Herfoarme Tsjerke ta de midden fan it religieuze spektrum. Sa wurdt eutanasy rigoereus ôfwiisd, mar de deastraf krektlyk. De tsjerke fynt fierders dat abortus "yn prinsipe" net útfierd wurde moat, mar akseptearret dat der yn in "yngewikkelde maatskippij" gefallen foarkomme dy't "útsûnderings wêze kinne".

Op it mêd fan homoseksualiteit is de tsjerke sûnt de santiger jierren frijwat fan miening feroare. Yn 1978 fûn de algemiene synoade noch dat homoseksualiteit "sûndich" en "tsjin de wil fan God" wie, mar dat homoseksuëlen sels "neat méár skuldich" oan har tastân wiene "as in efterlik bern". Yn 1979 waard sein dat homoseksualiteit in "yngewikkeld ferskynsel" is, en dat de tsjerke besykje moat om 'e "skuldelêst" fan homoseksuëlen ôf te nimmen. Yn 1990 waard fêststeld dat de tsjerke "leafde en gefoelichheid foar sokke persoanen oer" oanmoedigje moast, "om't se meiminsken binne". Yn 1994 feroardiele de synoade de fernedering en degradaasje dy't homoseksuëlen ûndergien hiene en waard tajûn dat in grut diel fan 'e tsjerkeleden dôf west hie foar de "hertstochtlike gjalpen" fan homoseksuëlen dy't wrakselen mei "selsakseptaasje en weardichheid". De algemiene synoade fan 2012 liek in stap tebek te dwaan doe't behalven in oprop foar "begrutsjen, geduld en leafdefolle stipe" foar "dyjingen dy't wrakselje mei homoseksuële gefoelens" ek fêststeld waard dat it in "fergryp is dat bestraft wurde moat" om homoseksueel hâlden en dragen goed te praten of om foar te gean yn in tsjerketsjinst wêrby't in homohoulik ynseinge wurdt. De algemiene synoade fan 2013 werrôp dy útspraak lykwols en beskrobbe de synoadeleden fan it foargeande jier om "in brekme oan dekoarum en fatsoen". Yn 2014 waard oan it proses begûn dat yn 'e statuten fan 'e tsjerke fêstlizze moat dat in houlik inkeld tusken ien man en ien frou sletten wurde kin.

 
De Dimnent Chapel, in ûnderdiel fan it Hope Kolleezje, yn Holland (Michigan).

Yn 1971 liet de Herfoarme Tsjerke yn Amearika foar it earst froulju ta as diakens en âlderlingen. De earste froulike dûmny waard ynsward yn 1979. It rjocht fan froulju om foar te gean yn in tsjerketsjinst waard yn 1980 yn 'e statuten fêstlein. Dêrby waard lykwols ek in klausule tafoege wêryn't steld waard dat eltse pleatslike lidtsjerke fan 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika froulju net as foargonger hoecht ta te litten as dat tsjin it gewisse fan 'e mearderheid fan 'e leden yngiet. Dy klausule waard lykwols yn 2013 út 'e statuten ferwidere.

Fral de ferskowende hâlding foar homoseksualiteit oer en it feit dat yndividuële gemeentes net mear beslisse mei oft se al of net froulike foargongers talitte, hat derta laat dat sûnt 2013 teminsten seis fan 'e konservativere gemeenten oerstapt binne fan 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika nei de folle strangere Presbyteriaanske Tsjerke yn Amearika.

Opbou bewurkje seksje

De Herfoarme Tsjerke yn Amearika wurdt bestjoerd troch de algemiene synoade, dy't ienris yn it jier gearkomt. Dêryn hawwe leden fan regionale synoades en pleatslike klasses sit. De besluten dy't troch de algemiene synoade oannommen wurde, wurde útfierd troch de Algemiene Synoaderie, dy't oansteld wurdt troch de algemiene synoade. De statuten fan 'e Herfoarme Tsjerke fan Amearika besteane út trije dielen: de liturgy, it bestjoer en de leauwensdoktrine.

 
It wapen fan 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika.

De tsjerke is opboud út 889 gemeenten (2015), mei rom 147.000 lju dy't belidenis ôflein hawwe. It totaal oantal leden berint mear as 229.000. De Herfoarme Tsjerke yn Amearika hat trije eigen ynstituten foar heger ûnderwiis:

Fierders binne der twa seminaarjes:

Oekumene bewurkje seksje

Troch in saneamde "formule fan oerienkomst" hat de Herfoarme Tsjerke fan Amearika folsleine kommuny mei de Presbyteriaanske Tsjerke (F.S.A.), de Feriene Tsjerke fan Kristus en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika. De hâlding fan sawol de Feriene Tsjerke fan Kristus as de Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika foar homoseksualiteit oer hat binnen de Herfoarme Tsjerke laat ta kontroverse. Dêrby waard it beslút fan 'e Feriene Tsjerke fan Kristus út 2005 om homohouliken yn te seingjen en it beslút fan 'e Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika út 2009 om homoseksuëlen ta te litten as foargonger yn 'e Herfoarme Tsjerke sterk bekritisearre.

Fierders ûnderhâldt de Herfoarme Tsjerke yn Amearika ek nauwe bannen mei syn eigen ôfspjalting, de Kristlik-Herfoarme Tsjerke yn Noard-Amearika. Sûnt 2005 is it foar de beide tsjerken mooglik om predikanten út te wikseljen, en Faith Alive Christian Resources, de útjouwerij fan 'e Kristlik-Herfoarme Tsjerke, joech yn 2013 in mienskiplik nij lietboek út dat ek yn 'e Herfoarme Tsjerke fan krêft waard. Yn 2014 holden de beide tsjerken harren eigen algemiene synoades efterinoar op itselde plak yn Pella, sadat se de fasiliteiten diele en op kosten besparje koene.

De Herfoarme Tsjerke yn Amearika is in oprjochtsjend lid fan 'e Amerikaanske Nasjonale Ried fan Tsjerken. Ynternasjonaal is de tsjerke lid fan 'e Wrâldried fan Tsjerken (WCC), de organisaasje Christian Churches Together en de Wrâldkommuny fan Herfoarme Tsjerken (WCRC). It diel fan 'e tsjerke yn Kanada is lit fan 'e Kanadeeske Ried fan Tsjerken.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.