Herman Bavinck (Hoogeveen, 13 desimber 1854Amsterdam, 29 july 1921) wie in Nederlânsk predikant, teolooch en politikus. Syn heit wie fan Dútsk komôf. Mei Abraham Kuyper wie er ien fan de grûnlizzers fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.

Herman Bavinck

Libben bewurkje seksje

Fan 1870 oant 1873 gie Bavinck nei it Stedelik Gymnasium te Swol. Dêrnei studearre er oan de Teologyske Skoalle te Kampen, mar bedarre al 1874 yn Leien foar de stúdzje teology en Semityske talen. Hy promovearre dêre op 10 juny 1880 mei in dissertaasje oer Ulrich Zwingli, ta doktor yn de godgeleardens. Fan 1881 oant 1883 wie er Kristlik Grifformeard predikant te Frjentsjer.

De Kristlik Grifformearde synoade fan Swol yn 1882 beneamde him ta dosint oan de Teologyske Skoalle te Kampen foar de dogmatologyske fakken. Op 2 july 1891 boaske er Johanna Adriana Schippers (1868-1942).

Yn 1902 gie Bavinck (mei syn kollega Petrus Biesterveld en in grut oantal studinten) oer nei de Frije Universiteit. Dêr ûntjoech er him ta in figuer fan maatskiplike betsjuttin. Hy krwearre foar kristlike polityk en kristlik ûnderwiis. Yn 1911 kaam er foar de Anti Revolúsjonêre Partij yn de Earste Keamer.

Herman Bavinck stoar mei 66 jier. Hy leit te hôf yn Flaardingen yn it famyljegrêf Schippers.

Ynfloed bewurkje seksje

Bavinck hie in ynfloedrike posysje yn de Kristlik Grifformearde Tsjerke. Hy spile in wichtige rol by ienwurding fan "dolearende" Nederdútsk Grifformearde Tsjerken. Dy hiene harren ûnder lieding fan Abraham Kuyper losmakke fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, dat wie yn 1886. De Kristlik Grifformearde Tsjerke dêr't Bavinck by wie, hie him al om 1834 hinne fan de Herfoarme Tsjerke ôfskieden. Yn 1892 wie de Feriening tusken Kristlik Grifformearde Tsjerke en de Nederdútsk Griff. Tsjerken. Yn de ferienige Grifformearde Tsjerken yn Nederlân hat er hieltyd in fredestiftsjende rol besocht te spyljen. Oan it ein fan syn libben rekke er wat yn in isolemint. Guon ûntjouwingen rûn it gesach fan de bibel yn de nije tsjerke siet er oer yn noed.

Famylje bewurkje seksje

Hy wie in soan fan Jan Bavinck dy't predikant wie, in broer fan Coenraad Bernardus Bavinck dy't ek predikant wie. Johan Herman Bavinck, missiolooch en heechlearaar, wie syn neef.

Publikaasjes bewurkje seksje

  • Bremmer, R.H. - Herman Bavinck als dogmaticus - Kampen 1961
  • Bremmer, R.H. - Herman Bavinck en zijn tijdgenoten - Kampen 1966

Keppelings om utens bewurkje seksje