Hidaardersyl is in útbuorren yn de gemeente Súdwest-Fryslân yn 'e himrik fan Hidaard. Hidaardersyl leit oan de Tsjêbingadyk en oan de Hidaarder Feart. Hy krige syn namme troch de slûs ( syl ) yn de Slachtedyk.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 lei de buorskip yn de eardere gemeente Hinnaarderadiel.

Abe Gerlsma (1919) makke in skilderij fan Hidaardersyl.