Hiddensee is in Dútsk eilân yn de Eastsee. It leit bewesten lâns it eilân Rugen dat stikken grutter is. Om't de foarm op dy fan in seehynderke liket, wurdt dat bistke as 'poppenamme' en yn it wapen brûkt. It eilân Hiddensee leit yn de dielsteat Meklenburch-Foarpommeren en heart ta de Landkreis Foarpommeren-Rugen.

Eilân Hiddensee
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Meklenburch-Foarpommeren
Landkreis Foarpommeren-Rugen
Sifers
Ynwennertal 988 (2014)
Oerflak 19,02 km²
Befolkingsticht. 52 km²
Oar
Postkoade 18565
Kaart fan Hiddensee

Op Hiddensee binne de Dútske skriuwers Gerhart Hauptmann en Walter Felsenstein beïerdige.

Namme bewurkje seksje

De namme Hedinsey komt al foar yn de Edda en mannich âlde boarne. Hy betsjut eat as Eilân fan Hedin. Dy legindaryske Noarske kening Hedin moat dêr fochten hawwe om in frou of miskien wiene goud en jild krekt wichtiger. Under it Deenske bewâld waard offisjeel de namme Hedins-Oe brûkt. Oant 1880 ta hiet it eilân op Dútske kaarten ek Hiddensjö; yn 1929 hiene Dútske reisgidsen it noch oer Hiddensöe. It omneamen nei de Dútske foarm Hiddensee is dus betreklik jong.

Geografy bewurkje seksje

It eilân is ûngefear 16,8 km lang, op it smelste punt sa'n 250 m en op it breedste punt sa'n 3,7 km breed. Hiddensee is fral bekend om syn sânstrannen en grutte natuergebieten.

Ferfier bewurkje seksje

Hiddensee is foar motorferkear sletten, útsein foar publike tsjinsten en lânbou. Dat it eilân is feitlik autofrij. Toeristen kinne mei de bus, fyts of hynder en wein. It eilân is middels feartsjinsten ferbûn mei Schaprode op Rügen en mei Stralsund op it fêstelân. Ek binne der farferbiningen tusken Neuendorf, Vitten en Kloster op it eilân sels. Grieben hat gjin ferbining oer it wetter.

 
Meklenburch-Foarpommeren
 
Landkreise

Foarpommeren-Greifswald - Foarpommeren-Rügen - Ludwigslust-Parchim - Mecklenburgische Seenplatte - Noardwest-Meklenburch - Rostock

Kreisfreie Städte

Rostock - Schwerin