Hijken is in doarp yn de provinsje Drinte, gemeente Midden-Drinte, mei ± 640 ynwenners (1 jannewaris 2004).

Midden-Drinte mei Hijken

Hijken is in esdoarp mei noch in soad âlde pleatsen, mar hat ek beskieden nijbou. It doarp leit oan it Oranjekanaal. Utsein foar de sportfjilden bûten it doarp, in brede skoalle (wêryn sûnt 2010 de iepenbiere en de protestantsk-kristlike basiskoalle fusearre binne), en inkele horekagelegenheden is it doarp hielendal oanwiisd op Beilen.

De marke fan Hijken is tige rom. Neist essen en grienlannen oan de Hijkerleek, binne der ek twa grutte heidefjilden te finen. It Hijkerfjild (850 hektare) leit ten noarden fan it Oranjekanaal en is yn behear by It Drintske Lânskip. It Súd Hijkersân leit ten suden fan it kanaal en ten westen fan it doarp. Dit fjild fan 250 hektare is yn behear by Steatsboskbehear. Ten suden fan it doarp leit in natoergebietsje om de Hijkermar. Yn de marke fan Hijken leit ek it doarpke Oranje.

Skiednis bewurkje seksje

It doarp Hijken wurdt foar it earst neamd yn in dokumint út 1370 wêryn de bewenners fan Hijken as tsjûgen opfierd wurde by in rjochtsskeel tusken de kleasters fan Dikninge en Assen. It doarp leit midden op it Drintsk Plateau. Kenmerkend binne hjir de sânige boaiems op in ûntrochkringbere balstienliemlaach. It esdoarp waard stifte mids heidefjilden yn it noardwesten en de healannen lâns de Hijkerleek yn it súdeasten, op it plak dêr't de grûnwetterstân it meast geskikt wie foar ikkerbou.

De âldste brink is amper noch werkenber omdat in soad pleatsen hjir ôfbaarnd binne. De brink foar de grifformearde tsjerke oer is wol yn de âlde steat werombrocht.

Hijken lei troch de iuwen hinne oan in wichtige transportier. Sa rûn yn de prehistaoarje, foar in part oer in wetterskieding, in wichtige wei tusken Rolde en Diever. Fan lettere oarsprong is it Oranjekanaal dat yn de midden fan de njoggentjinde iuw groeven waard om turf ôf te fieren. Lâns dit kanaal waard yn 1913 ten westen fan Hijken jirpelfabyk "Oranje" yn gebrûk nomd, mei dêromhinne in doarpke ûntstie. It fabryk is wyls Boartersstêd Oranje wurden. (Bron: Ynformaasjeboerd yn Hijken)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Midden-Drinte
 
Doarpen:
BalingeBeilenBoppesmildeDrijberElpGarmingeHijkenHoogersmildeHooghalenMantingeNij-BalingeOranjeOrvelteSmildeSpierSwiggelteWesterborkWijsterWitteveen
Buorskippen:
AltingBeilerfeartBrunstingBruntingeDe PolleEursingEursingeHijkersmildeHoltheKlateringLaaghalenLaaghalerveenLievingLievingerveldMakkumNorgerfeart (foar in part)OosthalenRheeveldSmalbroekTer HorstSúdfjild
wizigje