De hiteluchtballon is in loftballon, in loftfartúch, mei in koer foar passazjiers en guod, dy't lichter is as lucht. It gehiel driuwt op de wyn. It ûnderskie mei oare soarten fan loftballonnen is dat waarme lucht brûkt wurdt yn 'e ballon, dy't waarmer en dêrtroch lichter as de lucht deromhinne is.

De skiednis fan de hiteluchtballon bewurkje seksje

 
De ballon fan de bruorren Montgolfier.

De alderearste ballon waard boud troch de bruorren Montgolfier. Op 21 novimber 1783 yn Parys makken Marquis D’arlandes en Pilatre de Rozier de earste tocht. Om farre te kinnen wie in fjoer nedich. Der wurdt sein dat de markys boppe Parys de rivier de Seine beseach doe't syn kollega sei: "Asto dy rivier sa sitst te besjen, dan kinne wy deryn baaie. Fjoer myn maat, wat fjoer."

De hiteluchtballon hat net lang fan de rom genietsje kind. Alve dagen nei de histoaryske feart waard der in oar soarte fan loftballon demonstrearre, in gasballon. De gasballon brûkte wetterstofgas om omheech te kommen, was folle simpeler wie. Twa iuwen lang bleau de hiteluchtballon in seldsum ferskynsel. Dat feroare yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw, doe't yn de Feriene Steaten in hiteluchtballon boud waard as ûnderdiel fan in ûndersyksprojekt. Foar dy ballon waarden folle modernere stoffen brûkt as by de ballon fan de bruorren Montgolfier.

Op 11 augustus 1978 waard de Atlantyske Oseaan yn seis dagen mei in hiteluchtballon oerstutsen. Yn dy seis dagen waard mear as 5.000 kilometer ôflein.

De ballon. bewurkje seksje

Hiteluchtballonnen meitsje gebrûk fan hite lucht. It stigen komt trochdat de lucht waarm wurdt en útset en as gefolch dêrfan lichter wurdt as de omjouwende lucht. As't der genôch waarmte fêsthâlden wurdt giet de ballon omheech. As de lucht wer ôfkuollet dan sakket de ballon wer stadichoan nei ûnderen ta.

 
De lucht wurdt waarm stookt.

In hiteluchtballon is makke fan ripstof Nylon. Dy stof is spesjaal weefd mei oeral fersterke triedden om foar te kommen dat de stof skuort. De stof is licht fan gewicht en is te krijen yn alle kleuren. De stof kin temperatueren ferneare fan wol mear as 120 graden. Dat is hjitter as siedend wetter.

De ballon sels wurdt enveloppe neamd. Dizze enveloppe hat twa grutte iepeningen. Ien oan de boppekant en ien oan de ûnderkant. De iepening oan de boppekant wurdt brûkt om de hite lucht ôf te fieren wannear't in piloat lânje wol. Hy wurdt ôfsletten troch in beweechbere konstruksje dy't liket op in parasjute, en dêrom ek sa neamd wurdt.

De iepening oan de ûnderkant is om it fjoer fan de brander tagong te jaan sûnder de stof oan te taasten. Rûnom dy iepening of mûle sitte stikken stof dy't fjoerwarrend binne. Dy stof hjit Nomex. Itselde materiaal wurdt ek brûkt by de oerstrûpers fan Formule 1 racers. De keabels binne makke fan rustfrij stiel en steane yn ferbining mei de enveloppe oan in freem op sterke rizelglêzene stokken, dêr't de brander ynsit. De stokken kinne by wynflagen de lichte bewegings fan de ballon tsjin de brânder oer kompensearje.

 
It sicht is prachtich.

De flam sels ferskynt allinnich as de piloat dat wol. Om bisten net bang te meitsjen fleant men faak mei in flústersysteem. Dy branders binne stiller as de haadbrander.

De koer is makke fan flochten reid en is boppe-oan de râne ôfwurke mei suède of lear. Oare materialen binne ek besocht mar dy misse de fearkrêft dy't in reiden kuorke wol hat. Minsken en piloaten fine in reiden kuorke ek moaier as bygelyks in plestik kuorke. De brânstoftanks binne fold mei floeiber propaangas. Dy tanks steane meastal yn 'e hoeke fan de koer.