Hitsum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Hitsum leit noardeastlik fan Achlum, noardwestlik fan Tsjom en súdwestlik fan Frjentsjer. De doarpskearn leit benammen besuden de Haadwei, wêr’t de Tsjerke fan Hitsum ek stiet.

Hitsum
Noarderbuorren
Noarderbuorren
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 225 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 4,29 km², wêrfan:
- 4,25 km² lân
- 0,04 km² wetter
Befolkingsticht. 53 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 09' N 5° 31' E
Offisjele webside
Side fan Hitsum
FB-side
Kaart
Hitsum (Waadhoeke)
Hitsum

Op 1 jannewaris 2023 hie Hitsum 225 ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

 
Tsjerke fan Hitsum

De Hitsumer tsjerke datearret fan de 10e oant 12e iuw. Troch de fynst fan dowestien is fêst te stellen dat de tsjerke yn dy tiid boud wêze moat. Neffens in stien yn de noardermuorre fûn der yn 1591 in ferbouwing plak. It sealtek fan de toer waard yn 1819 troch in spits ferfongen. De âlde midsiuwske tsjerke waard yn 1883 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. De klok yn de toer waard yn 1637 getten.

Eartiids stiene der stinzen yn it doarp fan de Gratinga's en Roorda's. Op it plak fan ien fan dy stinzen stiet tsjintwurdich de pleats Roorda State, in ryksmonumint.

De likernôch 3 meter hege terp fan Hitzum waard oan it ein fan de 19e iuw foar it measte ôfgroeven. Yn de terp binne njonken wat kraleguod in 6e-iuwsk Noarsk metalen plaatsje mei runen, in spearpunt en in brûnzen mantelspjelde fûn.[1]

De lânsdyk waard yn 1856 ferhurde mei grint en tusken 1902 en 1939 krige Hitsum ek in tramferbining oan de line Frjentsjer-Boalsert. Yn Hitsum waard dy ferbining lykwols fral brûkt foar it ferfier fan fee nei de Ljouwerter feemerk.

Yn 2009 waard noardlik fan Hitsum de fytsbrêge Hitsumer Hichte boud, dy't it Binnenpaad tusken it doarp en Frjentsjer oer de N384 hinne liedt.

Sûnt 2018 leit Hitsum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (sudertrimdiel).

Mienskip bewurkje seksje

 
Doarpshûs

Der is in feriening foar Doarpsbelang, dy't yn it yn 1999 opknapte doarpshûs gear komt. Yn 2015 waard it doarpshûs nochris útwreide rjochting keatsfjild. Ek de keatsferiening makket gebrûk fan it gebou. In soad bûtenaktiviteiten wurde simmerdeis op it keatsjild hâlden.

De VVH (Vereniging voor Volksvermaak Hitzum) organisearret it twadeiske doarpsfeest. Yn Hitsum wurdt noch jimmeroan it Dokkumerkeatsen beoefene, in foarm fan keatsen dat op strjitte dien wurdt.

Oer it doarp en syn ynwenners, ferienings en bedriuwen is in film makke: “Wat foar doarp is Hitsum”, ek op DVD.

Tsjerke bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Hitsum.

Skoalle bewurkje seksje

Oant 1965 hie it doarp in iepenbiere skoalle oan de Haadwei. Sûnt 1885 waard der yn Hitsum ek kristlik ûnderwiis jûn. De kristlike basisskoalle hold it langer fol en waard fanwegen brek oan genôch learlingen pas yn 2010 sletten. Nei't it doarp langer gjin eigen skoalle mear hie, waard foar de jongerein de klub HITZKIDS oprjochte. De klub betinkt in soad aktiviteiten foar bern fan 0 oant 16 jier, dy't betelle wurde mei it opheljen fan âld papier.

 
Opfeart

Ferienings bewurkje seksje

 
Tsjerkebuorren

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2003 2013 2015
Ynwenners 96 339 316 281 283 269 236 223 228
Jier 2020
Ynwenners 220

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Berne yn Hitsum bewurkje seksje

Strjitten bewurkje seksje

 
Noarderbuorren
  • Achlumerwei - wei nei Achlum
  • Binnenpaad
  • Ds Dijkstrawei
  • Feikemastrjitte
  • Frjentsjerterwei - de wei nei Frjentsjer
  • Haadwei

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oer de skiednis is ynformaasje ôfkomstich fan it ynformaasjeboerd yn it doarp.