Hoarnde seepappegaai

De hoarnde seepappegaai (Fratercula corniculata) is in fûgel út de famylje fan de alkfûgels.

hoarnde seepappegaai
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje alkfûgels (Alcidae)
skaai seepappegaaien (Fratercula)
soarte
Fratercula corniculata
J.F. Naumann, 1821
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Fersprieding bewurkje seksje

De hoarnde seepappegaai libbet yn it noardlik part fan de Stille Oseaan, op rotseftige eilannen foar de kust fan East-Sibearje, Alaska en Britsk-Kolumbia.

Foarkommen bewurkje seksje

De hoarnde seepappegaai hat in protte fan de seepappegaai dy't yn de Atlantyske Oseaan foarkomt. De hoarnde seepappegaai hat yn de briedtiid in giele snaffel mei in reade punt.

Iten bewurkje seksje

De fûgels dûke yn de see nei fisk. Lykas seepappegaaien kinne se yn harren snaffel in grut tal fiskjes meinimme nei har nêst. Fierder ite se ek inketfisken en kreeften.

Fuortplanting bewurkje seksje

De fûgels briede yn koloanjes tegearre mei oare soarten Alkfûgels. Harren nêsten lizzen yn nissen yn de rotsen of tusken de stiennen. Elts jier wurdt mar ien jong grutbrocht.