Hollywood Walk of Fame

De Hollywood Walk of Fame (Ingelsk foar it "Hollywoodske Trottoir fan Ferneamdheid") is in rûte yn 'e Los Anzjelynske wyk Hollywood, yn súdlik Kalifornje, dêr't stjerren yn it trottoir ynlein binne. Dizze rûte fiert fan east nei west by 15 stedsblokken fan 'e strjitte Hollywood Boulevard lâns, oer in ôfstân fan 2,1 km fan 'e krusing mei Gower Street oant dy mei La Brea Avenue. Dêropta is der in koart stikje op Marshfield Way, dat diagonaal rint tusken Hollywood Boulevard en La Brea Avenue, en in diel fan 700 m lingte fan noard nei súd by 3 stedsblokken lâns op Vine Street, tusken de krusing mei Yucca Street en dy mei Sunset Boulevard.

De stjer fan 'e fammegroep The Supremes.
De Hollywood Walk of Fame op 'e hichte fan Hollywood Boulevard 7000.

De stjerren, wêrfan't der op 6 jannewaris 2016 persiis 2.570 wiene, foarmje permaninte publike oantinkens oan ferneamde persoanen en groepen út 'e Amerikaanske en de ynternasjonale entertainmentyndustry, en drage de nammen fan akteurs, sjongers, muzikanten, presintators, regisseurs, film- en muzykprodusinten, komiken, bands, teäterselskippen, fiktive personaazjes en oaren.

De fiifpuntige stjerren fan 'e Hollywood Walk of Fame besteane út koraalrôze terrazzo-stien mei rânen fan gielkoper (messing), en binne mei tuskenromten fan 1.80 m ynlein yn in eftergrûn fan dûnkergrize terrazzo-stien. Boppe-yn 'e stjerren stiet de namme fan dejinge dy't mei de oangeande stjer eare wurdt yn gielkoperne blokletters; dêrûnder jout in rûn gielkoperen embleem oan ta hokker kategory oft dy persoan of groep heart. Der binne fiif kategoryen:

klassike filmkamera: stiet foar de filmyndustry
tillefyzje mei in âlderwetske binnendoarantenne derop: stiet foar de tillefyzjeyndustry
grammofoanplaat: stiet foar de muzykyndustry
antike radiomikrofoan stiet foar de radioyndustry
in komeedzje- en in trageedzjemasker: stiet foar it toaniel en teäter (dizze kategory is yn 1984 tafoege)

De planning fan 'e Hollywood Walk of Fame waard yn 1958 mei úteinset, mar de eigentlike oanlis waard opholden troch twa rjochtsaken, sadat de earste stjer pas lein wurde koe op 28 maart 1960. Dat wie dy fan regisseur Stanley Kramer, hoewol't der neitiid in leginde groeide dat aktrise Joanne Woodward de earste wie dy't in stjer op 'e Walk of Fame krige, mooglik omdat sy de earste wie dy't by har stjer posearre.

Tsjintwurdich is de Hollywood Walk of Fame ien fan 'e wichtichste attraksjes fan Hollywood en fan hiel Los Angeles, dêr't jiers sa'n 10 miljoen toeristen op ôfkomme. Sûnt 5 july 1978 hat it de status fan in histoarysk-kultureel monumint fan 'e stêd Los Angeles. It bewâld oer de Walk of Fame is yn 'e hannen fan 'e Keamer fan Keaphannel fan Hollywood, en it ûnderhâld wurdt útfierd troch de himsels finansjeel bedrippende Hollywood Historic Trust.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.