Honolulu is de haadstêd en grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Hawaï en fan 'e Hawaï-eilannen, dy't yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan lizze. Honolulu stiet wiid en siid bekend as in wichtige toeristyske bestimming. Dêrnjonken is it ek in havenstêd fan belang, de wichtichste tagongspoarte fan Hawaï en ien fan wichtichste trochreisplakken nei de kontinintale Feriene Steaten. Honolulu leit op it eilân Oähû en hie neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 likernôch 391.000 ynwenners. Mei alle foarstêden derby komt it as stêdekloft ta in befolking fan krapoan 1 miljoen. Yn 'e Hawaïaanske taal betsjut honolulu safolle as "smoute baai" of simpelwei "skûlplak". It is al de haadstêd fan 'e Hawaï-eilannen sûnt 1845, en rekke histoarysk bekend troch de Japansk oanfal op Pearl Harbor, de Amerikaanske marinebasis fuortby de stêd, op 7 desimber 1941.

Honolulu
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Hawaï
County Honolulu County
Sifers
Ynwennertal 390.738 (2010)
Oerflak 177,2 km² (ynkl. wetter)
156,7 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.152,2 / km²
Stêdekloft 953.000 (2010)
Hichte 6 m
Oar
Stifting 1804
Tiidsône UTC –10
Simmertiid gjin simmertiid (UTC -10)
Koördinaten 21°18′N 157°49′W
Offisjele webside
www.honolulu.gov
Kaart
De lizzing fan 'e stêd Honolulu yn Honolulu County en yn 'e steat Hawaï.

Skiednis bewurkje seksje

Der bestiet bewiismateriaal út sawol mûnlinge oerlevering as út archeologyske opgravings dat derop wiist dat it plak dêr't Honolulu no leit, foar it earst troch de lânseigen Polynezyske befolking fan Hawaï bewenne waard yn 'e alfde iuw. Letter liket it plak wer ûntfolke rekke te wêzen, mar doe't de Hawaïaanske kening Kamehameha de Grutte it eilân Oähû ferovere nei syn oerwinning yn 'e Slach by Nu'uanu, ferhuze er syn hofhâlding fan it eilân Hawaï nei Waikiki op Oähû, dat no in wyk fan Honolulu is. Yn 1809 ferhuze er syn hof nei wat no it sintrum fan Honolulu is, mar yn 1812 waard de haadstêd weromferpleatst nei Kailua-Kona, op it eilân Hawaï.

 
De haven fan Honolulu, skildere troch Louis Choris, yn 1816.

Yn 1794 wie de Britske kaptein William Brown de earste útlanner dy't de haven binnensylde fan wat no Honolulu is. Al rillegau folgen der mear bûtenlânske skippen, en waard Honolulu in fêste trochreishaven tusken Noard-Amearika en Aazje.

Kening Kamehameha III ferhuze yn 1845 de haadstêd fan it Keninkryk Hawaï fan Lāhainā, op it eilân Maui, nei Honolulu. Hy en syn opfolgers feroaren Honolulu dêrnei yn in moderne haadstêd, troch opdracht te jaan foar de bou fan û.m. de Sint-Andréaskatedraal en it ‘Iolani Paleis. Yn dyselde snuorje ûntjoech Honolulu him ta it wichtichste hannelsplak fan 'e arsjipel, dêr't de ôfstammelingen fan 'e earste blanke Amerikaanske sindelingen grutte ûndernimmings op dat mêd stiften. Sûnt bleau Honolulu altyd de haadstêd, grutste stêd en wichtichste haven fan 'e Hawaï-eilannen.

Yn 1893 waard de Hawaïaanske monargy ûnder fuotten helle, wêrnei't blanke plantaazjehâlders en keaplju it op 'e eilannen foar it sizzen krigen, wylst de lânseigen befolking ûnderdrukt waard. Fiif jier letter, yn 1998, soargen de blanke machthawwers, dy't ûnder ien tekken skûlen mei fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear, derfoar dat de Feriene Steaten Hawaï sûnder in protte swierrichheden anneksearje koene, wêrby't de Hawaïanen op snoade wize har eigen lân ûntfytmanne waard.

Yn 1900 waard Honolulu troffen troch in grutte brân yn 'e Sineeske wyk. De stêd bleau oant de Twadde Wrâldoarloch in slieperige úthoeke dêr't yn 'e widere wrâld suver net ien ea fan heard hie. Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 fierden de Japanners nammentlik in ferrassingsoanfal út op Amerikaanske militêre fleanfjilden op Hawaï, en yn 't bysûnder op 'e wichtige Amerikaanske marinebasis by Honolulu, dêr't de Amerikaanske Pasifyske float stasjonearre wie. By dizze beruchte oanfal op Pearl Harbor waarden 21 marineskippen ta sinken brocht of earnstich skansearre en kamen mear as 2.500 Amerikaanske soldaten en matroazen om. Fan gefolgen rekken de Feriene Steaten doe aktyf yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle.

 
De grutte brân fan 1900 yn Chinatown (Honolulu).

Uteinlik waard Hawaï yn 1959 as in folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen. Neitiid ûndergie Honolulu in lange ekonomyske heechkonjunktuer en ûntjoech de stêd him ta ien fan 'e wichtichste toeristyske bestimmings fan 'e Stille Oseaan.

Honolulu hjoed de dei bewurkje seksje

Honolulu is de ekonomyske motor fan 'e Hawaïaanske arsjipel. De sted foarmet de tagongspoarte foar sawol hannel as toerisme. Op dat lêste mêd is fral de ynternasjonale lofthaven, it Honolulu International Airport, fan belang, dêr't yn it jier 2007 62,3% fan 'e 7,6 miljoen toeristen oankamen dy't dat jiers de stêd en de eilannen besochten. It sintrum fan 'e toeristyske yndustry yn Honolulu is de wyk Waikiki, bekend fan it strân Waikiki Beach, dêr't withoefolle wolkekliuwer-hotels bylâns steane. It toerisme bringt yn Honolulu jiers $10 miljard yn 't laadsje, dat it stedsbestjoer is der alles oan gelegen om it de fakânsjefierders nei 't sin te meitsjen.

 
It útgeanssintrum fan Waikiki by jûn.

Njonken it strân is ien fan 'e wichtichste attraksjes fan Honolulu it Bishop Museum, ien fan 'e grutste museä fan 'e stêd mei in omfangrike natoerhistoaryske kolleksje en wrâlds grutste samling Hawaïaanske en Pasifyske kulturele foarwerpen. It Tinkteken foar de USS Arizona is in ferneamd monumint en museum yn 'e lagune Pearl Harbor, by Honolulu, ta neitins oan 'e slachtoffers fan 'e Oanfal op Pearl Harbor ûnder de bemanning fan it slachskip de USS Arizona, dat by it bombardemint ta sinken brocht waard.

Oare attraksjes binne: de Honolulu Zoo, de wichtichste dieretún fan 'e steat; it Waikiki Akwarium, dêr't men de seebiology fan Hawaï besjen kin; de botanyske tunen Foster Botanical Garden, Lili‘uokalani Botanical Garden en Walker Estate; en it Hawaii State Art Museum, mei moderne en tradisjonele Hawaïaanske keunst. Jierliks wurdt yn Honolulu it Ynternasjonaal Filmfestival fan Hawaï holden, en teffens trije wichtige sporteveneminten: de Great Aloha Run, de Maraton fan Honolulu (mei eltse kear mear as 20.000 dielnimmers) en de Triatlon fan Honolulu.

Honolulu ferfollet ek in wichige sintrumfunksje foar Hawaï sels. Sa binne der û.m. in protte ynstellings foar heger ûnderwiis fêstige, lykwas de Universiteit fan Hawaï, it Honolulu Community College, de Chaminade Universiteit fan Honolulu en de Hawaii Pacific University.

Bestjoer bewurkje seksje

 
De Honolulu Hale, it stedhûs, dêr't it steds- en countybestjoer syn sit hat.
 
It sintrum fan Honolulu.

Honolulu is it haadplak fan 'e konsolidearre stêd-en-county Honolulu County. It mei-inoar ferraande steds- en countybestjoer hat syn sit yn it Kapitoaldistrikt, yn 'e binnenstêd fan Honolulu. Ferskate lannen ûnderhâlde diplomatike fertsjintwurdigings yn Honolulu (meast konsulaten). Dêrûnder binne Japan, Súd-Koreä, de Filipinen, Austraalje, de Federearre Steaten fan Mikroneezje en de Marshalleilannen.

Susterstêden bewurkje seksje

 
It Steatskapitoal fan Hawaï.

Demografy bewurkje seksje

Honolulu hie yn 1890 krapoan 23.000 ynwenners en yn 1900 goed 39.000. Dy flugge oanwaaks gie troch mei 52.000 yn 1910, 83.000 yn 1920, 138.000 yn 1930, 179.000 yn 1940, 248.000 yn 1950, 294.000 yn 1960, 325.000 yn 1970 en 365.000 yn 1980. Pas dêrnei naam de befolkingsgroei ôf, mei noch hieltyd 365.000 yn 1990 en 372.000 yn 2000. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Honolulu doe in befolking fan krapoan 391.000 minsken. Dêrmei is Honolulu de befolkingrykste haadstêd fan alle Amerikaanske steaten yn ferhâlding ta it ynwennertal fan 'e oangeande steat. Fan 'e befolking fan Honolulu wie yn 2010 17,8% âlder as 65 jier en 17,4% jonger as 18 jier.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 63,2% Aziaten; 12,5% blanken; 8,4% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs (ynkl. lânseigen Hawaïanen); 5,4% Latino's; 1,5% swarten; 0,2% Yndianen; 8,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Fan 'e Aziaten wiene de grutste groepen: Japanners (19,9% fan 'e totale befolking fan Honolulu); Filipino's (13,2%) en Sinezen (10,4%). Lju dy't inkeld en allinnich fan etnysk Hawaïaansk komôf wiene, makke net mear as 3,2% fan 'e befolking út. In oare grutte Polynezyske befolkingsgroep waard foarme troch de Samoänen, mei 1,5% fan 'e befolking. De Tsjamorro, oftewol lju út Gûam en de Noardlike Marianen, foarmen (mei 841 persoanen) 0,2% fan 'e befolking fan Honolulu.

Berne yn Honolulu bewurkje seksje

 
Utsjoch oer de wyk Waikiki.

Klimaat bewurkje seksje

Honolulu hat in drûch tropysk klimaat, mei in fierhinne drûch simmerskoft en in reinige winter. Honolulu kriget jiers trochinoar 433 mm delslach, en hat yn trochsneed 278 sinneskyndagen om 89 reinige dagen jiers. Utsein de delslach bestiet der mar in hiel lyts bytsje ferskil tusken de jiertiden, mei't de temperatuer suver it hiele jier gelyk bliuwt. Oerdeis is it trochinoar 27-32 °C en nachts 18-24 °C. Yn trochsneed leit de temperatuer oerdeis 38 dagen yn 't jier boppe de 32 °C, wylst er trochinoar twa kear jiers by nacht omleechdûkt nei 14-15 °C.

Rekôrtemperatueren wiene 35 °C op ferskate dagen ûnder in hjitteweach yn septimber 1998 en 11 °C op 16 febrewaris 1902 en jitris op 20 jannewaris 1969. Hoewol't Honolulu yn 'e tropen leit, komme orkanen der mar komselden foar; de lêste dy't neamensweardige skea oanrjochte, wie de orkaan Iniki, yn 1992. Tornado's binne ek ûngewoan, mar likernôch ienris yn 'e fyftjin jier komt der in wynhoas foar. Wetterhoazen sjocht men faker, likernôch ienris yn 'e fiif jier.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.