De Hot d'Ors (letterlik betsjutting: "Gouden Hot") wiene in groep Jeropeeske prizen fan Frânske oarsprong dy't fan 1992 oant 2001 takend waarden foar de bêste pornografyske films. De útrikking, dy't organisearre waard troch it Frânske tydskrift Hot Vidéo ûnder in fjirtjin dagen duorjend pornografysk filmfestival, fûn ienris yn it jier (yn maaie) plak yn it Súdfrânske baaiplak Cannes, persiis op deselde tiid dat dêr ek it (mainstream) Filmfestival fan Cannes holden waard; de Hot d'Or wie kwa namme en foarm ek modelearre om op 'e priis fan it Filmfestival fan Cannes, de Palme d'Or (of "Goudene Palm") te lykjen. It wiene doedestiden de wichtichste Jeropeeske pornografyske filmprizen, ferlykber mei de AVN Awards yn 'e Feriene Steaten.

Hot d'Or
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frânsk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch Hot Vidéo
frekwinsje 1x jiers
datum maaie
plak Cannes (Frankryk)
ynsteld 1992
opheft 2001
offisjele webside
www.hot-dor.fr

Troch mei te liftsjen op 'e pakjedrager fan it Filmfestival fan Cannes, wat trouwens troch de organisaasje dêrfan, noch troch de pleatslike autoriteiten bysûnder wurdearre waard, loek de útrikking fan 'e Hot d'Ors altyd in protte mediabelangstelling. Dy waard gauris noch mei sin fuortsterke troch pornoaktrises neaken posearje te litten op in iepenbier strân. De útrikking fan 'e Hot d'Ors stie bekend om 'e útwrydske feesten dy't dermei mank giene, lykas dy dy't it Sweedske Private-label foar de moade hie te hâlden oan board fan in lúks jacht yn 'e jachthaven fan Cannes. De útrikking fan 'e Hot d'Ors brocht ek in protte lju út 'e pornoyndustry gear, lykas akteurs en aktrises, regisseurs, produsinten en sa mear. Ek fungearre it as moetingspunt foar de Jeropeeske en de Amerikaanske pornoyndustry; yn 1998 sei Steve Vlottes, fan it Amerikaanske label Wicked Pictures, dat de útrikking fan 'e Hot d'Ors "de wichtichste show [is] dy't wy bywenje." Sadwaande waarden der ek in protte saken dien njonken alle festiviteiten. De heechste priis dy't ferjûn waard, wie de Hot d'Or d'Honneur ("Eare-Hot d'Or"), dy't û.o. wûn is troch de Frânske pornoaktrise Julia Channel, de Frânske regisseur Marc Dorsel en de Amerikaanske regisseur/produsint/akteur John Stagliano, better bekend as Buttman.

Yn 1997 waard de útrikking net holden yn Cannes, mar yn it Lido te Parys. Nei 2001 stoppe Hot Vidéo mei it evenemint. Op 20 oktober 2009 waarden de Hot d'Ors noch ien kear útrikt, by in seremoanje yn Parys, om it tweintichjierrich bestean fan Hot Vidéo te fieren.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.