Hoth is in fiktive iisplaneet út 'e Star Wars-franchise, dy't bekend waard troch de iepeningssekwinsje fan Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, út 1980. It is de sechsde planeet yn in planetestelsel mei deselde namme. Hoth is relatyf lyts en hielendal oerdutsen mei snie en iis. Nettsjinsteande it ûnoantreklike klimaat is de planeet bewenber, en der hawwe har hegere bistesoarten ûntjûn, mar it is der te kâld foar de ûntwikkeling fan yntelligint libben. Fan 'e fauna op Hoth wurde yn 'e film twa soarten toand: de wampa, in reuseftich rôfdier dat op twa skonken giet, en de grize sniehagedissen dy't tauntauns neamd wurde.

De iisplaneet Hoth en syn trije moannen yn 'e film The Empire Strikes Back.
Dizze side giet oer de fiktive planeet Hoth. Foar oare betsjuttings, sjoch: Hoth (betsjuttingsside).

Yn 'e film brûke de leden fan it Rebelleferbûn, dy't op Hoth in wichtige basis fêstige hawwe, de tauntauns as ryddieren foar it útfieren fan patrûljes. Oan it begjin fan 'e film wurde Luke Skywalker en syn tauntaun oanfallen troch in wampa. Luke ûntsnapt oan it rôfdier en wurdt úteinlik rêden troch Han Solo. As de rebellebasis troch in ferkenningsrobot fan it Galaktysk Keizerryk ûntdutsen wurdt, moat de basis halje-trawalje ûntromme wurde. Ear't de evakuaasje kompleet is, arrivearje Keizerlike stoarmtroepers, dy't mei AT-AT-rinners in oanfal op 'e basis begjinne. It gefjocht dat dan folget, komt neitiid bekend te stean as de Slach om Hoth. De rebellen hawwe ferliezen, mar witte foar it meastepart te ûntkommen.

De sênes op Hoth waarden by temperatueren fan fier ûnder it friespunt filme op 'e gletsjer Hardangerjøkulen, yn 'e neite fan Finse, yn Noarwegen. Foar de sênes fan 'e oanfal op 'e basis waarden miniatueren brûkt en suveringssâlt om snie nei te bearen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin