Huizinge (Grinslânsk: Hoezen) is in wierdedoarpke yn de Grinslânske gemeente Iemsdelta. Huizinge hat in beskerme doarpssicht.

Huizinge
Janstsjerke
Janstsjerke
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 134 (31-12-2021) [1]
Oerflak 2,41 km², wêrfan:
lân: 2,39 km²
wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 56 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 6° 40' E
Offisjele webside
Side Huizinge
Kaart
Huizinge (Grinslân)
Huizinge

Skiednis bewurkje seksje

Huizinge hat in wierde op in âlde kwelderwâl dy't yn de lette Izertiid of Romeinske tiid opsmiten waard. Al yn de 9e iuw wie it doarp mei Middelstum besit fan de abdij fan Fulda. Alde nammen foar it doarp binne 'Hustinga', 'Husdingun', 'Husdongon', 'Husdungum', 'Husdingen' en 'Huizinghe'. De betsjutting is ôflaat fan 'dinge' of 'dynge' ('braaklân') en 'hûs' (skaai).

Midden op de wierde stiet de 13e-iuwske tsjerke fan it doarp. Oan de westlike en noardwestlike kant fan de tsjerke is de wierde foar in part ôfgroeven. Sûnt 1830 is de bebouwing hast net feroare, allinne oan de noardlike kant is der noch wat byboud en ferfongen. De pleats Melkema bûten it doarp wurdt al sûnt de 14e iuw neamd en foarme yn de 18e iuw in mennistebolwurk. Dêr wennen de foarfaars fan de histoarikus Johan Huizinga (1872–1945). Yn de 19e iuw hat der in fermanje west yn it doarp.

Oan de westlike kant fan it doarp leit it âlde haventsje, dat yn 1917 grutter makke waard.

Huizinga helle yn 2012 it lannelike nijs troch in de swierste ierdskodding fanwegen gaswinning op 16 augustus fan dat jier. Ek de monumintale pleats Melkema rekke by dy ierdskodding slim skeind.

Gebouwen bewurkje seksje

Tsjerke bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Jehannes de Dopertsjerke (Huizinge).

De nei Jehannes de Doper ferneamde Janstsjerke stamt út it twadde fearn fan de 13e iuw. It is ien fan de bêst bewarre romanogoatyske tsjerken fan Grinslân. Foar de hoeddeiske tsjerke hat der yn alle gefallen noch ien oare tsjerke stien, dêr't tsjin it ein fan de 12e iuw de lettere abt fan it kleaster Blomhof, Emo fan Blomhof, as pastoar stien hie. De lege toer is 14e-iuwsk. Yn 1847 is besocht de toer heger te meitsjen, mar yn 1868 waard de opbou wer ferwidere en ferfongen troch in piramidedak. Yn de toer hingje twa klokken út 1452 en út 1950. Tusken 1960 en 1963 waard de oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken oerdroegen tsjerke restaurearre.

Boarch bewurkje seksje

 
Boarch Fraam yn Huizinge

Noardwestlik fan it doarp njonken de pleats Framaheerd stie eartiids de Fraamboarch. De yn de 14e iuw boude boarch wie iuwen in wichtige boarch. De bekendste bewenner wie de Grinslânske bestjoerder en algemist Berend Coenders fan Helpen, dy't de boarch grutter makke en in soad politike macht hie. Nei 1713 waard de boarch ferkocht en nei alle gedachten yn 1738 ôfbrutsen. Yn 1959 waarden de lêste resten fan it boarchterrein egalisearre, sadat hjoeddedei neat mear yn it lânskip werom te finen is.

Mûne bewurkje seksje

 
Mûneromp

Huizinge hie in nôt- en pelmûne dy't foar 1828 boud waard en yn 1865 ferbaarnde. Yn itselde jier waard in nije nôtmûne boud, dy't yn 1896 foar in diel ôfbrutsen waard. De boppebou gyng nei Yde foar de bou fan de nôtmûne 'De Windlust' (yn 1961 ôfbrutsen). De ûnderbou fan de nôtmûne yn Huizinge krige letter in dak en der waard in motor fan Brons yn set. It dak is letter ferwidere en de ûnderbou stiet sûnt te ferrinnewearjen.

Pleatsen bewurkje seksje

 
Melkema

Om it doarp steane in pear moaie pleatsen. Oan de Smedemaweg 3 stiet in oarspronklik 16e iuwske kop-hals-romppleats. De pleats waard ferboud yn 1750 en yn 1762 waard de grutte skuorre langer makke. Yn de jierren 1970 liket it der op dat de pleats ôfbrutsen wurde soe, mar lang om let waard keazen foar restauraasje. De singels en grêften binne werom brocht yn de 18e-iuwske sitewaasje. De pleats stiet sûnt de ierdskodding fan augustus 2012 yn 'e skoarren. Yn de pleats stiet in âlde rosmûne. De kop-hals-romppleats 't Hoge Schot' oan de Smedemaweg 5 waard yn 1942 troffen troch in bom en baarnde foar in part ôf, maar waard yn 1949 wer opboud. Fierder steane der noch in tal 19e-iuwske pleatsen mei eklektyske eleminten om it doarp, lykas de Framaheerd fan it Oldambtster type (1875) oan de Huizingerweg 2 en de Eenkemaheerd (1880) oan de E.L. Ubbensweg 9.

Oare gebouwen bewurkje seksje

 
It âlde skoaltsje
  • It âlde doarpsskoaltsje út 1877 (yn 1923 sletten, sûnt 1940 in herfoarme ferieningsgebou en tsjintwurdich doarpshûs).
  • De ûnderwizerswente wat fierderop (in âlde rintenierswente út 1847).
  • In rychje fan fjouwer diakonywentes, dy't neffens de gevelstien yn 1835 boud waard foar earme widdo's en wezen (Marialaan).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers

 
Gemeente Iemsdelta
 
Stêden: AppingedamDelfsyl
Doarpen: BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part) • StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part) • WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen en útbuorrens: AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part) • RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken: HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd