Ida Oyens (Amsterdam, 9 jannewaris 1808Utert, 26 desimber 1860) wie in Nederlâns skriuwster.

Ida Pierson-Oyens (1808-1860)

Ida Oyens, dochter fan de bankier Hendrik Oyens en Petronella Adriana de Marez van Zuylen, troude yn 1829 mei de keapman en kommisjonêr yn effekten Jan Lodewijk Gregory Pierson. It pear sleat him oan by It Réveil en gie nei gearkomsten fan Isaäc da Costa en Nicolaas Beets. Harren hûs waard in wichtich moetingsplak foar geastbesibben. Ida Oyens ûntjoech har ta in skriuwster fan meast stichtlike boeken.

Ida Oyens[1] en Jan Lodewijk Gregory Pierson wiene de âlden fan de politikus Nicolaas Pierson en de predikanten Allard en Hendrik Pierson

Bibliografy bewurkje seksje

  • Pierson-Oyens, Ida Oom Karel: een verhaal (trije dielen) (1857/1858) Höveker, Amsterdam
  • Pierson-Oyens, Ida Maria: eene schets uit den tegenwoordigen tijd (1856) Höveker, Amsterdam
  • Pierson-Oyens, Ida Zie om u heen: een verhaal voor Joden en Christenen (1855) Amsterdam
  • Pierson-Oyens, Ida Bijbelsch dagboekje voor kinderen (1853) Höveker, Amsterdam

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Universiteitsbibleteek fan Amsterdam hat in wiidweidich argyf mei de briefwikseling fan Ida Oyens mei ûnder oaren har bern [1]