De Idscke Popkesate is in monumintale pleats oan de Lorbuorren yn Harich, dy't neamd is nei de eigener fan de pleats, keapman Idske Poppes (1791-1863).

De Idscke Popkesate yn Harich anno 2011
Tegeltableau fan de Idscke Popkesate (1811)

De monumintale Idscke Popkesate is in pleats fan it kop-hals-romptype. It foarhûs - de kop - is hielendal ûnderkeldere troch in molkenkelder. De natuerstienen oansetkrollen yn de foargevel drage de teksten "ANNO" en "1811". Yn it ynterieur fan it foarhûs binne betimmeringen yn de Loadewyk XVI-styl oanbrocht. Yn de wenning sitte of sieten in pear tegeltablo's mei foarstellingen fan it boerebedriuw, wêrûnder ien mei de ôfbylding fan de pleats.[1] It buorkerijgedielte - de romp - hat twa ûlebuorden mei swannen oan beide siden fan in makelder yn de foarm fan in harp. De pleats is erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. yn it Jierboek Frysk Skipfeart Museum en Aldheidkeamer 1986 is in artikel wijd oan twa tegeltableaus út Idske Poppessathe te Harich troch Sytse ten Hoeve