De Iemstunnel (Dútsk: Emstunnel) is in 945 meter lange, út twa buizen besteande tunnel tusken de stêd Lier en Jemgum yn East-Fryslân ûnder de rivier de Iems troch yn de Dútske A31 fan Emden oer Lier nei Bottrop.

Iemstunnel
Emstunnel
bouwurk
Loftfoto fan de Iemstunnel
Loftfoto fan de Iemstunnel
lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Leechsaksen
Lânkring Lier
plak Lier
bysûnderheden
type bouwurk tunnel
boujier 1989
tunnelet ûnder Iems
wei of spoar A31
oare ynformaasje
lingte 945 m

Skiednis bewurkje seksje

Doel fan de bou fan de tunnel wie it ferbetterjen fan de ferkearsynfrastruktuer yn Eastfryslân en syn ekonomyske mulpunten Emden en Lier mei in bettere ferbining mei it Ruhrgebiet. Tagelyk waard de east-west ferbining fan de Nederlânske A7 fan Grins ôf oer de A28 nei Aldenburch en Bremen ferbettere.

De Iemstunnel waard fan 1984 oant 1989 boud en op 6 oktober 1989 waard er oplevere.

Nijsgjirrich bewurkje seksje

Nei de Elbetunnel yn Hamburch wie de Iemstunnel de twadde tunnel yn it Noarddútske riviermûningsgebiet dy't oanlein waard. Brêgen wiene foar hege skippen net gaadlik. Yn it gefal fan de Iemstunnel soene de plesierskippen fan de Meyer Werft yn Papenburch te grut west hawwe.

Keppeling om utens bewurkje seksje