In iepenbiere wei is in wei dy't eltsenien altyd brûke mei. Sokke wegen wurde yn Nederlân beheard troch de ûnderskate oerheden, te witten it Ryk, de provinsje, de gemeente of it wetterskip. In iepenbiere wei kin ek yn behear wêze by in partikulier of in bedriuw, sa't bygelyks it gefal is mei de Westerskeldetunnel. Dat is in iepenbiere wei, dy't lykwols beheard wurdt troch de NV Westerscheldetunnel. Fierders is it ek mooglik dat de eigner fan in eigen wei dêrop frije tagong jout, sa't faak dien wurdt mei paden troch bosken. Yn sa'n gefal sprekt men fan 'wegen mei in iepenbier karakter'.

De iepenbierheid fan wegen is yn Nederlân wetlik fêstlein yn saneamde Wegewet út 1930. Op sokke wegen is de lanlike ferkearsregeljouwing fan krêft, dy't fêstlein is yn 'e Wegeferkearswet 1994 en it Reglemint Ferkearsregels en Ferkearstekens. Yn Nederlân bestie yn 2003 yn totaal 132.397 km oan iepenbiere wegen, wêrfan:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.