In iepenloftspul is in toanielfoarstelling yn de iepen loft.

It iepenloftteater by Sparjeburd.
De Gouden Gurbe.

Dizze foarm fan teater is benammen in populêre tradysje yn Fryslân. Yn Amersfoart, Diever en Havelte binne spesjale iepenloftteaters foar de iepenloftspullen. Mar yn it Limburchske Beesel is der wol in tige spesjale foarm fan iepenloftspul: it draakstekken, in spektakulêre iepenloftteaterfoarstelling dy't ien kear yn de sân jier opfierd wurdt.

Yn Fryslân sette ferskate doarpen om it jier, bytiden ek alle jierren in Frysktalige foarstelling op de planken. Dit is meastentiids allinnich mooglik troch it ynsetten fan frijwilligers út de omkriten en sponsors. Fakentiden wurdt it iepenloftspul yn de omjouwing fan it oarganisearjende doarp hâlden. By in pleats of stik lân wurdt dan in tribune boud, in grutte dekor yn elkoar setten en in lûd- en ljochtynstallaasje opboud. Dêrneist wurdt meast foar tydlike fasiliteiten as in feesttinte, toiletten en parkeargelegenheid soarge. As it heal kin wurde besteande eleminten yn de omjouwing brûkt, lykas by it iepenloftspul fan Snits [1] en by de klokkestoel fan Ouster-Nijegea.

It bekendste iepenloftsapul is nei alle gedachten dat fan Jorwert[2]. Oarspronklik organisearre om jild by inoar te krijen foar de opbou fan de ynstoarte doarpstsjerketoer waard it barren al ridlik gau in tradysje. Ek de iepenloftspullen fan Dronryp [3], Easterwierrum[4], Wergea[5], en Burgum [6] lûke publyk út de hiele provinsje en dêrbûten. It wurdt beskreaun yn it boek Hoe God verdween uit Jorwerd fan Geert Mak.

Ek bûten Fryslân wurde iepenloftspullen hâlden. Yn plakken as Roderwolde, Oisterwijk en Ruinen wurde oan iepenloftspullen dien en yn plakken as Amersfoart, Diever en Havelte binne sels spesjale iepenloftteaters te fine. Yn it Limburchske Beesel wurdt iens yn de sân jier it Draakstekken organisearre.

Gouden Gurbe bewurkje seksje

Sûnt 2007 rikt de Ljouwerter Krante eltse hjerst de Gouden Gurbes út. De Gouden Gurbes binne in rige prizen dy't op ferskate mêden útrikt wurde oan persoanen en produksjes. De priis is ferneamd nei it mantsje op de foarside fan de Ljouwerter dy't mei syn frou Lolkje kommentaar jout op it nijs op de haadside fan de krante.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd 19-10-2005 Teater Snits speelt iepenloftspul ‘Fanfare’
  2. Algemien Nederlânsk Parsburo 15-8-2003 Openluchtspel Jorwerd viert jubileum
  3. Frysk Deiblêd 8-10-2005 Iepenloftspul fan Dronryp foar 2006 wurdt ‘Don Juan’
  4. Frysk Deiblêd 19-11-2003 Berne-Iepenloftspul spilet ‘De fiifde dei’ fan Mindert Wynstra
  5. Frysk Deiblêd 4-1-2005 Wergea spilet ‘Lucky Manuelo’ as iepenloftspul 2005
  6. Frysk Deiblêd 28-6-2003 Allinne froulju yn ‘De Gidsen’