Ierdbeving fan Zagreb (1880)

De ierdbeving fan Zagreb wie in frij swiere ierdbeving fan 6,3 op 'e Skaal fan Richter dy't op 9 novimber 1880 it noarden fan it Keninkryk Kroaasje-Slavoanje en it suden fan it Hartochdom Stiermarken en it Hartochdom Krain trof, gebieten dy't allegear diel útmakken fan it gruttere steatsferbân fan 'e Eastenryksk-Hongaarske Dûbelmonargy. It troffen gebiet leit hjoed de dei yn noardlik Kroaasje en súdlik Sloveenje. It episintrum lei yn it Medvednicaberchtme, benoarden de Kroätyske haadstêd Zagreb.

Ierdbeving fan Zagreb
Ierdbeving fan Zagreb (Kroaasje)
Ierdbeving fan Zagreb
plak en tiid
datum 9 novimber 1880
tiid 07.33.50 oere (UTC +1)
lân Eastenryk-Hongarije
provinsje Kroaasje-Slavoanje
plak omkriten fan Zagreb
koördinaten 45°54′0″N 16°6′0″E
bysûnderheden
type ramp ierdbeving
krêft 6,3 op 'e Skaal fan Richter
yntinsiteit VIII-IX op 'e EMS
gefolgen
deaden 1
ferwûnen 29
skea tige grut
It ferrinnewearre ynterieur fan 'e Katedraal fan Zagreb.

Skiednis bewurkje seksje

Dizze ierdbeving wie ien fan 'e beide meast ferwuostgjende ierdbevings dy't it hjoeddeiske Kroaasje yn 'e ôfrûne 2.400 jier troffen hawwe (de oare wie de ierdbeving fan Dubrovnik yn 1667). Hoewol't der, ynsafier bekend, mar ien persoan om it libben kaam, rekken in soad gebouwen swier skansearre of sels alhiel ferwuostge.

De ierdbeving sloech ta om 7.33 oere moarns. Ut argyfstikken út dy tiid docht bliken dat der binnen in etmiel 3.800 treinkaartsjes ferkocht waarden oan lju dy't it troffen Zagreb ûntflechten nei oare stêden yn it suden fan Eastenryk-Hongarije, lykas Ljubljana, Graz en sels Wenen.

It stedsbestjoer fan Zagreb stelde in kommisje yn om 'e skea te beoardieljen, en neffens it offisjele rapport fan dy kommisje wiene der 1.758 priveegebouwen skansearre, wêrfan 485 swier skansearre. By dy telling wiene de tsjerken en oerheidsgebouwen net meinommen.

It bekendste gebou dat skansearre rekke, wie de Katedraal fan Zagreb, dy't neitiid in yngeande, 26 jier duorjende restauraasje ûndergie ûnder tafersjoch fan arsjitekt Hermann Bollé. Pas yn 1906 wiene alle wurksumheden oan 'e katedraal foltôge. De skea dy't de ierdbeving oanrjochte, wie ek de oarsaak fan 'e bouspurt yn 'e Legere Stêd fan Zagreb yn 'e folgjende jierren, in perioade dêr't in protte histoaryske gebouwen fan hjoed de dei út stamje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.