Ieslumbuorren is in buorskip west fan Hitsum yn 'e himrik fan Mullum yn de gemeente Harns.

De buorskip leit westlik fan Sopsum ûnder Hitsum, noardwestlik fan Achlum en mank mei de buorskip Ludum foarmet er it súdeastlike bûtengebiet fan Harns.

Ieslumbuorren is fan oarsprong in terp en kaam foar as Eslum (1418), Eeslum (1511), Ezelum {1546), Eslemsburen (1840), Yslumbuorren, IJslumburen en IJslumbuurtche polder. Mei de lêste waard yn de 20e iuw foar in grutter gebiet oantsjut. De namme is nei alle gedachten ôflaat fan de persoansnamme Ese, dus in delsetting, buorren fan Ese.

Mei it hjoeddeistige Ieslumbuorren wurdt de bewenning noardlik fan de noardlike takke fan de Achlumer Feart mei ornearre, mei bewenning oan de Ludingawei en de Ieslumbuorren, dêr't de terpbewenning noch hieltyd te sjen is.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Harns
 
Stêd: Harns
Doarpen en útbuorrens: MullumWinaam
Buorskippen en wiken: AlmenumDe BlynseEasterparkFoarrypIeslumbuorrenKeningsbuertLudumRoptasyl (foar in part) • Ungaboer