Ietje Kooistra (Drachten, 8 jannewaris 1861 - Apeldoorn, 25 augustus 1923) wie direktrise en pedagoge oan de Rykskweekskoalle foar Underwizeressen. Se wie de dochter fan Folkert Kooistra en Ymkjen Pieters Keuning.

Ietje Kooistra

As skippersdochter groeide se op yn in earme húshâlding dy't in berop dwaan moast op diakonij fan de herfoarme gemeente. Troch tadwaan fan dûmny koe se fierder leare. Se wurke dêrnei as ûnderwizeres yn Arnhim, Breda en oan de learskoalle fan de Rykskweekskoalle yn Middelburg. Nei jûnsstúdzje waard se beneamd as learares wiskunde en hantwurkjen oan de gemeentlike kweekskoalle yn Grins. Per 1 april 1889 waard se direktrise.

Se sette har benammen yn foar goed gymnastykûnderwiis, ek foar famkes, de oanskôglike metoade Frânsk en demokratyske ferhâldings tusken haad en learkrêften.. Om famkes mear kânsen te jaan om troch te learen wurke se yn 1894 mei oan de oprjochting fan de feriening De Vrouwenbond. Ek lanlik sette se har yn foar de emansipaasje fan froulju.

Yn 1894 ferskynde har hantlieding foar ûnderwizers en âlden Zedelijke opvoeding. It joech in optimistyske en reeël byld fan de opfieding. De posysje fan famkes krige hjiryn ekstra omtinken. Yn 1896 waard se direktrise en learkrêft Pedagogyk oan de kweekskoalle yn Apeldoorn. Yn 1914 rûn har sûnens hurd werom en se einige yn in karke. Ietje Kooistra publisearre it reform-padagogyske tydskrift fan Jan Ligthart "School en Leven". As ien fan de earsten yn Nederlân snied se it tema Puberteit oan.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Breeduit, ynformaasjekrante fan Smellingerlân, 15 oktober 2009