De iisein (Clangula hyemalis) is in fûgel út it skaai fan de iiseinen.

iisein

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai iiseinen (Clangula)
soarte
Clangula hyemalis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

Foarkommen bewurkje seksje

Iiseinen binne lytse see-einen. De jerk wurdt sa'n 55 sm. ynklusyf de lange sturtfearren, it wyfke mar 40 sm. grut. De fûgels wage tusken de 650 en 850 gram. It mantsje is it opfallendst swart fan ûnder en op de wjukken en meast wyt op it boarst, de kop en de rêch. Fierders hat er in opfallend donker plak op de sydkant fan de kop.

Fersprieding bewurkje seksje

Iiseinen komme foar yn it noarden fan de toendra oant de râne fan it pakiis en se binne dêr de einesoart dy't dêr it measte foarkomt. Yn súdliker gebieten meitsje se harren nêsten yn berchtmen. De wintermoannen lûke wat súdliker nei de seekusten. Foaral de Eastseekust is in belangryk oerwinteringsgebiet, dêr sitte dan wol inkele miljoenen iiseinen. Oan de Nederlânske kust en ek yn Fryslân binne meast mar in pear fûgels te sjen.

Iten bewurkje seksje

De iiseinen siket syn fretten it leafst op de seeboaiem oant wol 30 meter djipte. Hjir sykje se benammen nei moksels en kreeften en somtiden lytse fiskjes. De iisein kin wol oant 2 minuten ûnder wetter bliuwe. De jongen ite op de marren meast lytse kreeften en ynsektelarven.

 
Aaien fan 'e iisein.

Fuortplanting bewurkje seksje

De tiid dat de fûgels harren nêst meitsje is eins de ienichste tiid dat se net op see binne. Se meitsje harren nêst it leafst op lytse einlantsjes, yn markes op de toendra. Begjin juny begjint it wyfke te brieden op 5 oant 10 aaien. Nei in dei as 23 komme de aaien út.