In Nije Dei is de namme fan in ferske makke troch de Fryske popgroep De Kast. It ferske waard yn 1997 skreaun foar de film De Gouden Swipe fan Steven de Jong.

It nûmer is skreaun troch Syb van der Ploeg, Kees Bode, Sytse Broersma, Nico Outhuijse, Peter van der Ploeg en Piet van der Kolk. It is it fjirtjinde nûmer fan it album Niets te verliezen. Op 23 augustus 1997 waard it nûmer op single útbrocht. It ferske wie de grutte trochbraak fan de groep yn heul Nederlân. In Nije Dei kaam op 20 septimber 1997 yn de Nederlânske Top 40 en steech úteinlik troch nei it twadde plak, it hat al mei al 18 wike lang yn de hitlist stien. Yn de Mega Top 50 kaam it nûmer úteinlik op it tredde plak te stean. Fan de single fan In Nije Dei waarden 73.000 ferkocht.

It ferske kaam op de kompaktskiif De Kast Live te stean. Ek op 3X Gelredome (skiif II), Simmertime (de kompaktskiif fan Simmer 2000), In Carré en Kastkrakers stiet it nûmer.

Benammen de ferzje fan it optreden fan De Kast yn it Abe Lenstra Stadion waard tige populêr. De live ferzje fan In Nije Dei kaam yn 2023 op nûmer 1 yn de Fryske Top 100. In Nije Dei stie dat trije kear yn de Fryske Top 100, en alle trije ferzjes stiene dat jier heger as yn 2022. De ferzje fan Elske DeWall gie fan van 64 naar 47, en de ferzje fan Pieter Sahieter fan 22 nei 16. Neffens Van der Ploeg kaam dat trochdat De Kast yn 2022 it 30-jierrich bestean fierde: 'Dat jubileum fiere wy no al trije jier. [1]

Nije ferzjes bewurkje seksje

Op 19 desimber 2019 brocht De Kast in nije ferzje fan In Nije Dei út, yn de mande mei YouTuber Kalvijn (Kelvin Boerma), dy 't de raps op it liet fersoarge.

Yn novimber 2020 hat de Haachske rapper Mula B it nûmer werskreaun as in hiphopnûmer mei ynfloeden fan trap rap. Yn it programma Ali B op volle toeren fan AVROTROS, fierden Mula B en rapper/produsint Ali B it werskreaune nûmer út foar Syb van der Ploeg, mei meiwurking fan het Amsterdamske gospelkoar ZO! Gospel Choir.

Hitnotearrings bewurkje seksje

"In nije dei" yn de Nederlânske Top 40 -- yn: 23-08-1997
Week 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18
Nûmer 30 13 11 4 2 4 3 3 4 9 9 10 12 15 15 19 29 29 út
"In nije dei" yn de Nederlânske Single Top 100 -- yn: 09-08-1997
Week 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31
Nûmer 69 29 19 19 10 6 5 4 3 3 4 5 6 8 8 10 14 15 20 23 34 33 32 37 43 44 52 63 65 69 86 út

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Kast voor het eerst op één in Fryske top 100, Omrop Fryslân, 31 desimber 2023