Isabel Allende (politikus)

Isabel Allende Bussi (Santiago de Chile, 18 jannewaris 1945) is in Sileensk politika fan de Sosjalistyske partij fan Sily en de dochter fan de eardere presidint fan Sily, Salvador Allende, en Hortensia Bussi. Fan 1994 oant 2010 wie hja lid fan de Keamer fan Offurdigen fan Sily en maart 2010 waard hja senator fan de regio Atakama. Op 28 febrewaris 2014 waard Allende beneamd as foarsitter fan de senaat.

Isabel Allende Bussi

Nei de dea fan har heit by de coup fan 11 septimber 1973 flechte sy mei har mem en twa susters earst nei Kuba en dêrnei nei Meksiko. Nei 16 jier ferballing gie hja yn 1989 werom nei Sily meidat de militêre diktatuer dêre einige wie. Allende is nicht fan de Sileenske skriuwster Isabel Allende.

Keppeling om utens bewurkje seksje